Tag Archives: Fryske Akademy

Van de Velde sil it wol efkes fertelle

Ja hear, ien fan bûten Fryslân sil wer efkes fertelle hoe’t it hjir moat. En by de Akademy falle se op ‘e knibbels en sizze ‘ja menear, jo binne geleard en hawwe grif gelyk…’ Nee? Wêrom hear ik dan gjin wjerwurden út Akademyfermiddens wei? Ik mocht oars wol oer Flamingen, mar dat hat syn langste […]

Stjoer ris in mailtsje oan Han van de Velde!

Mail Han van de Velde! hvandevelde@fryske-akademy.nl Dizze menear wol dat it skriuwen en lêzen yn it Frysk mar ris ophâlde moat. Sjoch myn foarige berjocht.

Fryske Akademy: hâld mar op mei Frysk skriuwen!

‘Han van de Velde fan de Fryske Akademy pleite derfoar om it Frysk as skriuwtaal oer te jaan en alle omtinken op it behâld fan ’e sprektaal te rjochtsjen. “Het nog leren lezen en schrijven is een verloren zaak”, sa sei er.’ No, en dy Fryske literatuer, hâld dêr ek mar mei op. Dat kin […]

‘e eh…

Jawis, ik haw ek efkes op Taalweb sjoen, en om earlik te wêzen, bin ik net sa ûnder de yndruk. Lês oars Daam syn stikje ris, ik kin it wol mei him lykfine. De oersethelp liket yn elts gefal nearne nei. It wurd ‘e hawwe se by de Akademy noch nea fan heard… It makket […]

It lêste Frysktalige boek

Faaks efkes op it plaatsje klikke foar in better byld.

Hanno Brand: Hoeksfrysk

Minsken minsken, it is noch slimmer as dat ik tocht. Hanno Brand wit wier net wêr’t er it oer hat as it giet om de Fryske taal. En dat is direkteur fan de Fryske Akademy. De man soe tsjin himsels yn beskerming nommen wurde moatte. Tank oan Meindert Reitsma op Facebook, dy’t skreau: ‘Neffens de […]

Domme flater by artikel Volkskrant oer stavering

In goed stik yn de Volkskrant, al moat ik sizze dat de passaazje ‘De Fryske Akademy dwingt het Fries in een keurslijf om het maar zo veel mogelijk op een ‘echte’ taal te laten lijken.’ net sa handich fyn. ‘Sjogge jo wol?’ sille de anty Friezen sizze, ‘it is ommers hielendal gjin echte taal.’ Mar […]

Fryske Akademy misbrûkt tekst tsjinstanner nije stavering

Ik nim oan dat Daam de Vries hjir sels noch wol oer skriuwe sil, mar ik woe myn miening ek mar efkes nei bûten bringe. De Fryske Akademy hat in wiidweidch artikel oer de ‘nije stavering’ op har side pleats. Hjir stiet it. Ik bin tsjin, fansels. De Akademy is foar, want se hawwe dit […]