Tag Archives: Fryske boeken

Cafeetje Kroes

No, einlings is it safier: de Ljouwerter Krante hat hjoed oandacht bestege oan de Dichtersjûn, oare moarn hjir yn Snits. Se hawwe it lykwols oer in ‘cafeetje in Sneek’. Dat sil dan wol in *kuch* humoristyske ferwizing nei in ferske fan drs. P. wêze, want Café Vellinga kinne wol sa’n 300 man yn, perfoast gjin […]

Yn de werhelling: Fryske Literatuer

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=mSWEIK3bxj4[/youtube]

Stien op ‘e Kaart

Nee, hjoed mar net nei de Stien, ik kom der net oan ta. Haw mysels in deadline oplein, wat in poëzijbesprek oanbelanget. Ik sei lêst dat der net sa’n soad poëzij mear útkaam… Mar dat is net sa… Juster in pakje mei fjouwer boeken binnen krige. Sil der oare wike mei oan ‘e slach. En […]

Bamy of bommen

No minsken, foar wa’t der oer ynsiet: it giet hiel goed mei de nije bondel. Dat fyn ik sels alteast, mar ik bin net al te objektyf. In dichtbondel is mear as in pear fersen efterinoar sette en dan klear. Der moat ek struktuer ynsitte. En dy komt der no yn. Lykwols wurdt soks, lykas […]

knipp’n yn ‘e slafink

Ja, ik wie hielendal frijwillich by de presintaasje fan sirkwy.nl, juster yn Liwwadden. Sa likernôch in oerke foardat ik mei de trein fuortgie stie de side al online. Der kamen daliks frijwat negative reaksjes fia de Twitter, benammen oer de kleuren fan Sirkwy. Dêr moat ik it mei iens wêze. De fergrizing slacht net allinnich […]

Yn it Frysk bekjeflaaiende skiep

“Mar sa’n Loeks fynt dat in grut feest wurdich, want de man, dêr komt it op del, hatet de Fryske taal. Dat lykwols in, miende ik altyd, Frysksinnich man as Bartle Muller efter sa’n fint oanrint, kin ik mei myn ferstân net by. Oan de oare kant, trochtinkend, alles falt no op syn plak, want […]

Breinstoarm yn in bakje

Bin aardich kreatyf, mar ik klopje it efkes ôf, ris sjen, is hjir ek wat fan hout yn ‘e buert? Ik haw gjin houten kop, dat wurket dus net. De ûnderkant fan de tafel liket my wol gaadlik. Haw yn elts gefal juster wer poëzij skreaun, faaks hat it wat wearde. Letter mar besjen. Bin […]

Sirkwy: poëzij op it tredde plan

Faaks bin ik wat te betiid mei myn krityk, want de side is noch net iens online. Hokker side? No, ik doel fansels op sirkwy.nl. Net hielendal orizjineel ek, dy namme. Der bestiet al in moai skoft it Literêr Sirkwy ommers. In wat minder betiizjende namme hie faaks better west. Mar my wurdt neat frege. […]

Beskieden debyl

Goemoarn bêste minsken. Op dizze grize sneintemoarn woe ik it dochs ris oer dat programma SneonS fan juster hawwe. Jo kinne dy útstjoering yn myn foarige berjocht oanklikke. Ik sil my ynhâlde. Besykje alteast. Lit ik alderearst hjir ris in trochferwizing delsette nei in kursus Frysk praten. Jo witte tink wol wa’t ik dy kursus […]

Efkes spuie mei Fryske Skriuwers

Klik op it plaatsje!

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin