Tag Archives: Geart Tigchelaar

Besprekken Eppie Dam bywurke

Mei Geart Tigchelaar: Leech hert yn nij jek en Jaap Veenstra: Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Klik hjir foar it oersjoch. N.B. dizze besprekken binne oernaam fan it argyf fan de LC. Net aktueel dus. Sjoch oan de linkerkant fan dizze side foar oare argivearre poëzijbesprekken.

Eigenaardige gearkomste

Fannacht frij eigenaardich dreamd: der wie in soarte fan gearkomste by ús thús, mei yn elts gefal Abe de Vries en Eppie Dam. Neffens my wie Geart Tigchelaar der ek by, mar dy feroare letter yn in oar, ûnbekend persoan. Abe woe gjin alkohol as cola hawwe, mar ik hie neat oars. En Eppie sei […]

No sa

Ferdigening fan hin + updeet

No, ik haw efkes maild oer it opnimmen fan myn besprekken op de side fan Sirkwy, mar de redaksje fan dizze side hat noch net reagearre. It mailadres sirkwy@sirkwy.nl wurket nammers ek net. Giet lekker dêre! Profesjoneel heite! Hie my no gewoan efkes ynjochte, dan wie der neat te rêden. Op ensafh in ferdigening fan it […]

Elske yn it skaad

No sa. Wer wat bekommen fan it Tresoar-optreden yn de Prinsetún (en de neisit) juster yn it ramt fan de UIT! Markt yn de Haadstêd L. Wy sieten op in moai plakje yn it skaad, mar al wat yn in úthoeke, dat in soad flecht op de koai wie der net. Mar dat wie yn […]

Abe filmet Literêr Sirkwy Stiens

No, dêr wie er al! In filmke fan Abe de Vries fan it Literêr Sirkwy yn Stiens. Mei Kramtried, Geart Tigchelaar en yndied jo nederige tsjinner ek yn byld en lûd te bewûnderjen…  Klik hjirre!

Knilles lêst foar yn Stiens

Ankom snein 13-02-2011 is der wer in ôflvering van It Literêr Sirkwy, organisearre troch, jawol, It Skriuwersboun. Fjouwer dichters lêze foar út eigen wurk: Janneke Spoelstra, Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar en Cornelis van der Wal. De lêste sil út syn hooplik meikoarten te ferskinen dichtbondel Kristus Pavlov foarlêze. Der is muzyk fan Kramtried. In unyk […]

Literêr Sirkwy 13 febrewaris Stiens

Oranje Pinda

Juster in moaie dei hân yn Ljouwert. Ja, ut ken Henk! De ekspo fan Feddema is hiel moai, heechromantyske skilderijen mei P. Y. Tsjaikofsky as kuierder yn de haadrol. Dêrfoar wie ik efkes yn Tresoar, in drokte fan belang. Ik siet ek noch efkes achter de boekestand fan Bornmeer en haw mar leafst twa boeken […]

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin