Tag Archives: Geart van der Mear

De horoskoop fan Obe Postma

Ik bin dwaande mei it boek In libben dat bloeide nei syn aard  fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en Geart van der Meer. De earste tritich siden binne tink net bedoeld om te lêzen, it is klearbare genealogy, net troch te kommen alsa. Allinnich mar nammen en data. It liket der op dat it fierderop yn it boek wat […]

De tûke sjoernalisten fan It Nijs.frl

Haha, ja, it binne tûke sjoernalisten, de minsken fan ItNijs.frl.! Myn ‘protest’ tsjin it feit dat Geart fan der Mear net op ‘e shortlist fan de Obe 2016 stie wurdt alhiel serieus nommen… Dit is yn elts gefal de einstân fan myn poll:   Moai oars dat de oare Geart de priis wûn hat! Mar […]

Nij: alternative poll foar de Obe Postmapriis 2016

Jo kinne stimme, lofts boppe op de startside. De net al te deskundige sjuery hie Geart fan der Mear oerslein, dat ik haw syn oersetting fan David Copperfield sels tafoege.

Aparte kar advyskommisje Obe Postmapriis

Erica Bergema, Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong, does that ring a bell? Eh… Ik hie allinnich noch mar fan Rolf Bremmer heard, de akademikus. De oare trije meie jo sels googelje… Hoe dan ek, dizze persoanen hawwe ferstân fan it literêre  Frysk neffens de Provinsje, se sitte ommers yn de advyskommisje foar […]

Brekkend! Bekendmakking winner Obe Postma Priis! Knilles hat de primeur!

Op 14-09-12, tidens it Boekefeest, wurdt bekendmakke dat de Obe Postma Priis 2012 (no ja, hie fansels 2011 wêze moatten) foar oersettingen yn it Frysk takend wurdt oan Geart fan der Mear! Lokwinske Geart! Nee, nee, ik haw gjin Inside Information krige, mar ik kin lêze en tinke. Ik wol, jim net. En ik bin […]

Literêre prizen 2011, in Profesije

De Gysbert Japicxpriis giet nei Koos Tiemersma! De Fedde Schurerpriis giet nei Elske Kampen! De Obe Postmapriis giet nei Geart fan der Mear!

Geart Excalibur

Fannemoarn yn de bus krigen: De fal fan Camelot, Geart fan der Meer syn Fryske oersetting fan Alfred Lord Tennyson’s Idylls of the King. De achterkant fan it boek seit: ‘DE FAL FAN CAMELOT is in syklus fan tolf ferheljende gedichten. Tennyson beskriuwt hjiryn it ferhaal fan Kening Artur, syn ridders, de Rûne Tafel en de […]

Besprek de Moanne, Jiergong 9, nû. 7 Mei Rapportsifers.

Ja, gau foardat der wer in nij nûmer is. En tink derom, frou Digi Beetstra: op de linken klikke hin, dit is ynternet witte jo wol. Jaap Louwes stiet mei syn troanje op de foarside. Net echt trochlibbe, dy kop. Hy moat wat mear drinke, of oan de oare drugs gean. Dat soe syn sloppe […]

Besprek de Moanne, jiergong 9 nû. 2. Mei rapportsifers!

Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers. De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4. Estafettekollum is neat oan, in 4.3. […]

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin