Tag Archives: Goffe Jensma

It ûnthâld fan de Moanne

Ja minsken, it jier 2019 is al wer hast foarby. Wat mysels oanbelanget wie it hichtepunt de tour mei de Reade Runen nei Denemarken ta. En fansels de oansteande oersetting fan seis (6) fersen út Wolf yn harnas yn it promininte Deenske tydskrift Hvedekorn. Dat lêste sil yn 2020 plakfine.  Grutte *kuch* Fryske poëzijkenners lykas […]

Sjuery Gysbert: net-literêre arguminten

Alderearst in rektifikaasje: der wie wol drank by de Griene Weide, myn korrespondint hie it by it ferkearde ein, dat ik haw him per direkt dien jûn. It wie in moai barren yn Boalsert juster, ik haw noch bamy iten nei ôfrin, tegearre mei in grutte groep feestgongers. Mar steane jo my ta dat ik […]

Barbaar op mûlharpke

No, der is net safolle belangstelling foar myn foardracht, sjoch foarige bloch. Mar dat wist ik al, dat jimme barbaren binne. It is rêstich op de Fryske blochkes! Hmm, sil ris efkes sjen wat it Aapke op Facebook útspookt… Haha, it earme dier kin gjin dielnimmers krije foar syn dichtkursus by Tresoar… Tsja, leare hoe’t […]

Geveltsjestamppot

Ah! Hy bestiet dus dochs noch: de Nijsbrief fan KH2018. Ik bin útnoege om stamppot te iten oare wike moandei. No hie ik juster krekt stamppot hân thús, mei woarst en útbakte spekjes en ik kin der noch wol trije kear fan ite. Ik haw it yn it resinte ferline wolris hân oer de rol […]

Krom mûlharpke yn pantoffel

Au! Dat rint net sa noflik, mei kromme teannen yn de pantoffels. Ik haw krekt de earste 20 minuten fan it twadde diel fan de dokumintêre op de Omrop sjoen. De DOK oer Fryske Kultuer. Ik koe noch krekt de leptop yn de oare keamer helje. Ik nim in slok Bier, hoopje dat it helpt. […]