Tag Archives: griente

Dossier de Contrabas online

Dossier de Contrabas, makke troch Bart FM Droog, stiet online. ‘De ontwikkelingen rond weblog en uitgeverij De Contrabas, 2005-2014.’ Der is ek in ôfdieling oer de ‘Fryske’ útjeften fan de Contrabas en ûnder oaren de gearwurking mei HotSum. Jûn makaroany mei swarma en griente. Ies lekker.

Hotsum: where art thou?

Om mar wer ris in tear en sear punt oan te reitsjen en mar wer ris op in oantal al as net krûme teannen te stean: wer bliuwe dy útjeften fan HotSum eins? Mei ik dat freegje? Ja, dat mei ik freegje. It like sa moai: in nije útjouwerij foar Fryske poëzij en essays, mar […]

ensafh op papier

Ensafh nû. fjouwer, de papieren edysje, lei in deimannich lyn wer yn de bus. Dat wol sizze: allinnich foar abonnees fansels. Myn nederich *kuch* persoantsje hat ek in bydrage levere, yn de foarm fan in wiidweidich besprek fan Douwe Tamminga syn Samle Fersen. Dat, binne jo nijsgjirrich wurden? Dan gau nei de bettere boekwinkel, of […]

Rienzi as lunch

Hee, dat seach ik tafallich: no snein yn it Ljouwerter Filmhûs in fertoaning fan de opera Rienzi, fan Wagner. Dêr moat ik bywêze. Mei lunch derby ek noch. En in praatsje fan Roelof Nammersma. Ik ken de bêste man net persoanlik, mar ris hearre wat er te sizzen hat. Haw griente en rys en lûmpia […]

Kassa foar it grêf

No, sjoch ris oan, de reaksjemooglikheid fan ensafh wurdt ek wer ris brûkt. Frijwat skokkend eins wat Josse de Haan oan ûnthullingen nei foaren bringt. Jelma Knol hie tink in goed glês wyn by it iten dronken, dy kin men al langer net serieus nimme. Yn elts gefal is it dúdlik dat, as it oan […]