Tag Archives: Grytsje Schaaf

Boekenois

It programma fan it Boekefeest 2011 waard earjuster bekendmakke. No, it falt my net iens ôf, Grytsje Schaaf en Elske Kampen binne treflike dichters en de rest jouwe wy it foardiel fan de twifel. Utsein dinges fansels. Ik sil der al hinne, want kritysk wêze sûnder it sels mei te meitsjen… Nee. Aha, ik sjoch no […]

Besprek de Moanne, Jiergong 9, nû. 7 Mei Rapportsifers.

Ja, gau foardat der wer in nij nûmer is. En tink derom, frou Digi Beetstra: op de linken klikke hin, dit is ynternet witte jo wol. Jaap Louwes stiet mei syn troanje op de foarside. Net echt trochlibbe, dy kop. Hy moat wat mear drinke, of oan de oare drugs gean. Dat soe syn sloppe […]

Geheimsinnich Paspoart

No, leave berntsjes, ik haw my opjûn foar it Boekefeest yn Tresoar en ek in goedkeap sliepplak regele, want oars moast ik om 23:00 oere al wer fuort, en dan begjint de drank by de measten earst te wurkjen en komme de Geheimen en de Rabberij. Ja, ik wie kritysk yn’t foar, mar earst sels […]

Besprek de Moanne jiergong 9, nû. 4 (diel 1)

Ja, wy moatte fierder. Der stiet in hiel kreas frommeske op de nije Moanne, soe se al ferkearing hawwe? It is Ola Mafaalani. Wa? Ola Mafaalani. No, dy mei fan my wol in 8.3 krije. Wat sifer soe Knilles fan Ola krije? Wa spilet ris foar relaasjekonsulint? Ik hie it der al earder oer, mar […]

Hylkje Goïnga-jûn

No op Omrop Knilles: opnamen fan de Hylkje Goïnga-jûn yn de Snitser bibletheek. Klik hjirre.

Besprek de Moanne, nû 3, jiergong 9 + Updeet!

Ja, dêr wie der al, it besprek dêr’t literêr Fryslân op siet te wachtsjen. Wat fierders ek myn krityk op dit nije nûmer is: it omslach, mei de foto fan J.Q. Smink makket in soad goed. In 8.7. Ik fyn him yn ‘e fierte altyd wat op Job Cohen lykjen. It nije nûmer set wer […]

Besprek de Moanne, jiergong 9 nû. 2. Mei rapportsifers!

Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers. De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4. Estafettekollum is neat oan, in 4.3. […]