Tag Archives: Gysbert Japicx

Knilles hat de Gysbert krigen!

No, dat waard tiid!

Sjuery Gysbert: net-literêre arguminten

Alderearst in rektifikaasje: der wie wol drank by de Griene Weide, myn korrespondint hie it by it ferkearde ein, dat ik haw him per direkt dien jûn. It wie in moai barren yn Boalsert juster, ik haw noch bamy iten nei ôfrin, tegearre mei in grutte groep feestgongers. Mar steane jo my ta dat ik […]

Suterige Greide

No minsken, goed nijs: Apteker hat ôfsein foar de Gysbert útrikking fan moarn, dat jo eigen Knilles komt gewoan nei de útrikking. En nee, mei de sjueryleden sil ik gjin wurd wikselje. Wat minder goed nijs is: by de neisit yn de Griene Greide wurdt allinnich mar kofje skonken en krije jo in gebakje. Dat […]

Provinsje Fryslân op syn deunst

No krige ik ferline wike alwer in útnoeging om de útrikking fan de Gysbert by te wenjen. Se rêde it blykber net sûnder Knilles… Ik kom lykwols net nei de útrikking. De redenen meie wol dúdlik wêze: ik kom net yn in gebou dêr’t de slavedriuwer Hayo Apotheker in taspraak hâldt. En ik kom net […]

Mail nei oanlieding fan in útnoeging fan Tresoar

L.S. Tige tank foar de útnoeging om de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2013 by te wenjen. Lykwols: ik kom net. Yn it foarste plak omdat ien fan de sjueryleden it nedich fûn om my út te skellen op Facebook. Jantsje Post mei har ‘Van der Kwal’. Ik mien fierders dat de sjuery net kompetint […]

No sa, dy hat der àl ferstân fan

Klaas van der Hoek yn de Moanne: ‘En hoe hie myn listje derút sjoen as ik kieze kinnen hie út de groslist yn stee fan de shortlist? Op de groslist steane ommers ek noch – ik doch mar in greep – Granytglimkes fan Elmar Kuiper, De trektocht fan Albertina Soepboer en Kristus Pavlov fan Cornelis van der Wal…’  

Fan dit en fan dat

Niiskrekt in lekker moarnsiten hân foar in Euro yn it Hema-restaurant. Goed, dy omelet is al wat spûnzich, mar it sêdet wol. Fierders krije jo der in croissant (krwassant?) by en kofje. Ik sil it faker dwaan, dat stiet fêst. Moai dat Klaas van der Hoek dit webloch efkes neamt yn syn Gysbert-besprekken foar de […]

Ele en Elly wurde al in bytsje senuweftich!

Antwurd Bert Looper

No, niiskrekt dan einlings antwurd krigen fan Bert Looper, fan Tresoar. Syn skriuwen komt der op del dat er Facebook net as iepenbier tagonklik beskôget en dat er dêrom net yngripe kin, wat de misledigingen en it oare wangedrach fan it GJP sjuerylid Jantsje Post oanbelanget. In ûnbefredigjend antwurd, dat seit himsels. Ik haw ommers […]

Jantsje, Abe en Gysbert

Nee, gjin reaksje fan de ‘hege hearen’. Ik soe sizze: lês de wize wurden fan Dinie Postma der noch mar ris op nei. Neat oan ta te foegjen. Nei hjoed hâld ik der oer op, hoopje ik. Dus. Yn Fryslân is soks hiel gewoan. Wy spylje mekoar de bal ta, en elkenien fynt it wol […]

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin