Tag Archives: Hayo Apotheker

Provinsje Fryslân op syn deunst

No krige ik ferline wike alwer in útnoeging om de útrikking fan de Gysbert by te wenjen. Se rêde it blykber net sûnder Knilles… Ik kom lykwols net nei de útrikking. De redenen meie wol dúdlik wêze: ik kom net yn in gebou dêr’t de slavedriuwer Hayo Apotheker in taspraak hâldt. En ik kom net […]

Mail nei oanlieding fan in útnoeging fan Tresoar

L.S. Tige tank foar de útnoeging om de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2013 by te wenjen. Lykwols: ik kom net. Yn it foarste plak omdat ien fan de sjueryleden it nedich fûn om my út te skellen op Facebook. Jantsje Post mei har ‘Van der Kwal’. Ik mien fierders dat de sjuery net kompetint […]

Swartboek Twangarbeid

Rapport oer de twangarbeid dy’t se yn in grut part fan Fryslân hiel gewoan fine. En ja, der stiet ek in tekst fan my by.    

Stjonkend stik smoargens

Ja, yn de gemeente Ljouwert is it bestjoer ridlik fatsoenlik as it om de behanneling fan útkearingsgerjochtigden giet. Oars wie en is it yn myn foarige gemeente Súdwestfryslân of hoe’t jo dat mar skriuwe. En ek yn Frentsjer en omkriten wurdt de bystânsoanfreger as in stjonkend stik smoargens sjoen en behannele. Lês it allegear nei […]

Tabé harré

Ja, jo hawwe gelyk, it blochke is der in bytsje by bleaun de lêste tyd. Dat hat ferskate oarsaken, dy’t jo benammen yn de persoanlike sfear sykje moatte. Mar dan posityf dus. Amoureus en sa. Dat lêste is ek de haadreden dat ik meikoarten (kin in skoftke duorje) út Snits weigean. In oare reden is […]

Krystkampen

Jawis, ik haw in brief fan boargemaster Hayo krigen. Der wurdt lykwols hielendal net yngien op it feit dat in soad útkearingsoanfregers har tige fernedere fiele trochdat se nei de Sosjale Wurkpleats stjoerd wurde. It bestjoer fan SWF fynt soks lykwols hiel gewoan. Ik bin no wol klear mei dizze saak. Ik sil der net […]

frijlitten

No sa, ik bin frijlitten. En it antwurd fan de Boargemaster skynt ûnderweis te wêzen. It moast noch efkes yn it Frysk oerset wurde. Goeie saak, want myn Hollânsk wurdt wat rustich. Ik sil it epistel skenne en set it hjir dan del. Dus. Haw stamppot boerekoal mei spekjes iten. Dus. En dan no graach […]

Oanfregers bystân nei sosjale wurkpleats stjoerd

Ûndersteand brief stjoerde ik op 22-11-2012 oan  Hayo Apotheker, boargemaster fan de gemeente Súd West Fryslân. De boargemaster hat net reagearre. Bêste hear Apotheker Op 01-11-2012 haw ik, ynwenner fan de Gemeente Súdwest Fryslân, in oanfraach dien foar in útkearing yn it ramt fan de WWB. De gemeente hat sûnt ôfrûne simmer it saneamde ‘Werk […]