Tag Archives: Henk van der Veer

Gjin Buddingh foar Elmar

Spitich! Mar Elmar Kuiper hat de Buddingh’-priis net wûn, it is Delphine Lecompte wurden. Lokwinsken! Der stiet in hiel nijsgjirrich stikje op Henk van der Veer syn side, mei ûnder oaren in reaksje fan Kuiper op it besprek dat er krige yn it Friesch Dagblad. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=HYZDSb68LmI[/youtube]

Hylkje Goïnga-jûn

No op Omrop Knilles: opnamen fan de Hylkje Goïnga-jûn yn de Snitser bibletheek. Klik hjirre.

knipp’n yn ‘e slafink

Ja, ik wie hielendal frijwillich by de presintaasje fan sirkwy.nl, juster yn Liwwadden. Sa likernôch in oerke foardat ik mei de trein fuortgie stie de side al online. Der kamen daliks frijwat negative reaksjes fia de Twitter, benammen oer de kleuren fan Sirkwy. Dêr moat ik it mei iens wêze. De fergrizing slacht net allinnich […]

Oranje Pinda

Juster in moaie dei hân yn Ljouwert. Ja, ut ken Henk! De ekspo fan Feddema is hiel moai, heechromantyske skilderijen mei P. Y. Tsjaikofsky as kuierder yn de haadrol. Dêrfoar wie ik efkes yn Tresoar, in drokte fan belang. Ik siet ek noch efkes achter de boekestand fan Bornmeer en haw mar leafst twa boeken […]