Cornelis van der Wal

Tag: Hin

  • Utjouwerij Grotesk kin net Frysk skriuwe…

    No, heden, dat jout net folle betrouwen, in útjouwer dy’t sels net skriuwe kin… Yndied, it is grotesk…   Jûn hinnepoatsjes mei wat der by.

  • Fers2: de Nijste Faal fan Abe + oanfolling

    No ha’k it eins net oan tiid, mar dochs in lyts stikje oer fers2.eu, in nij inisjatyf fan Abe de Vries. It is in Frysk literêr tydskrift. Tige spitich dat Abe no ek Friduwih Riemersma yn syn fal meisleept. Want dat ek dit projekt mislearje sil is wis. Dat giet no ienkear sa, by Abe.…

  • Letterhoeke Tresoar hast folslein yn it Hollânsk

    Ja minsken, ik haw efkes oant it turvjen west wat de nijste Letterhoeke fan Tresoar oanbelanget. Ek hjir liket it Frysk stadichoan te ferdwinen. Se moatte har skamje, dêr oan ‘e Bûterhoeke. 16 siden yn it Hollânsk, 9 yn it Frysk. Sa binne de ferhâldingen. Wy ite jûn bakte rjappels mei hin.

  • Hot Fuort! + Updeet

    No’t wy it dochs oer boekpresintaasjes hawwe: HotSum lansearre justerjûn in trijetal essays en in dichtbondel. Chrétien Breukers soe ek in taspraak jaan, mar neffens my wie er der net by. Of al? Kom der mar yn Abe! Teake Oppewal, fan Tresoar, is ek warskôge foar de praktiken fan de Contrabas, mar de reaksje wie:…

  • Nochris: Symfony nû. 1

    Noch altyd tige wiis met de nije pjûter. Ik haw him no hast al folstoppe mei samples en vst-ynstekkers. Dat, wy kinne hast losgean mei nije komposysjes. Efkes knippe en plakke út in âld blochke: ‘harkje ris nei myn symfony nû. 1, it earste diel. Makke yn 2005, mei net al te bêste audiokaart en…

  • De Folksfrieun

    Komme jim wolris op archive.org? In wrâld oan prachtige boeken, bygelyks it tige nijsgjirrich psychiatrysk wurk fan Krafft-Ebing. Mar ek in hiel soad biografyguod en sa. En poëzij. Ik lês sokke teksten it leafst as pdf op myn Aaipet, liket folle moaier as op de Kindle. Net allinnich boeken nammers, ek byldmateriaal en… Sjoch sels…

  • Literêre fytstocht: Elske Kampen

    Ik haw de lêste wiken by moai waar de loop nei de Griene Stjer, dêr leit de dichter him del op it gers of sân en dûkt sa no en dan yn it hearlik koele wetter en fierders lêst er boeken en harket nei muzyk. No ja, de loop: fansels fyts ik dat eintsje. Om…

  • ‘Hoi’ seit de hin

    Ik wie juster efkes yn Tresoar, boeken ynleverje en liene, jo kenne it wol. Nim ik oan alteast. Efkes yn de katalogus omstrúnd, ja, yndied, de katalogus dy’t sa goed ferstoppe is op de nije side fan Tresoar. En mei klachten hjiroer wurdt neat dien. No, hy stiet hjir dus. Mar hawar, ik seach ek…

  • Each mei paprika

    No, de neven binne der dit jier ek mar betiid by. Bin niiskrekt te pakken nommen troch ien fan dizze tige aardige bistkes. It jûket as hel. Nije bannen op de fyts sette litten, ik fertroude it net mear om in lang ein te fytsen. En, tank dat jo it freegje: it giet hielendal goed…

  • Kursus âlde meuk

    In deimannich lyn krige ik de ‘Boekelist Afûk 2010 – 2011 e.f.’ yn hannen. Dat is de list fan boeken dêr’t kursisten foar it B-eksamen út kieze kinne. Punt 1: der stiet gjin boek fan Knilles by. In grut skandaal fansels. Nee, sûnder gekheid: it is in diskutabele list, fol mei ‘âlde meuk’, sa’t in…