Tag Archives: Hin

Steven/Stefany Sterk

Dêr hawwe jo it wer: de Fryske skriuwer moat in sakeman/frou wurde. Him/har ôffreegje oft der wol in merk is foar syn/har boeken. Allegear lytse Steven/Stefany Sterkjes wurde alsa. Dat hat Piter Boersma sein, ôfrûne wike by it Skriuwersboun. No sil ik dêr myn libbensdagen net mear ferskine, by dat steltsje weakdieren, dy Bûnsminsken bedoel […]

Stammerjende Moanne

No sa, ik haw him noch net út, mar ergerje my al wer behoarlik oan it it nije nûmer fan de Moanne. Haw it tydskrift hjir net foar my, dat it moat út it ûnthâld wei. Wêrom fiif, seis siden fergrieme oan ien dy’t de omjouwing folspuitet mei amateuristyske, ôfgryslik ûnsjogge graffity? It mantsje Grond […]

De Hillige List

Heden, de List fan Tsien Fryske Boeken is bekend wurden. Wat moatte wy hjir no wer fan fine? Der sitte in pear moaie boeken by, Elmar, Hidde en Elske K. bygelyks. Mar wat moat dy âlde shit fan in Brolsma en Van Houten? En, jo fiele him al oankommen: wêrom gjin Knilles? Ik sit hjir […]

Ferdigening fan hin + updeet

No, ik haw efkes maild oer it opnimmen fan myn besprekken op de side fan Sirkwy, mar de redaksje fan dizze side hat noch net reagearre. It mailadres sirkwy@sirkwy.nl wurket nammers ek net. Giet lekker dêre! Profesjoneel heite! Hie my no gewoan efkes ynjochte, dan wie der neat te rêden. Op ensafh in ferdigening fan it […]

Pasta mei suertsjes

As ik nei bûten sjoch, dan sjoch ik Yndianen, Oktopussen, Heksen! En nee, it is gjin delirium, mar de Kermis. Neist de doar. Oan de iene kant tige gesellich, mar dy k*tmuzyk… No ja, it begjint freed pas. Bin alwer mei in Rimbaud-boek dwaande, ek fanwege de research. Dit is em. Net ûnaardich. Fierders kin […]

Foarpublikaasje Kristus Pavlov op Sirkwy

Earder hjir al te finen as foardracht, mar no ek as tekst. Op sirkwy.nl. Kont op in wolk. Klik hjirre. Sil jûn hin mei krieltsjes en slaad ite. Nee, forearst gjin wyn mear by it iten. Wetter dus.

Feest foar de trui

Efkes wat nostalgy, leave berntsjes! Oernaam fan it al earder neamde iP2r90 ‘ Rendez-Vous’, út 1993. Doe krige ik de Fedde Schurerpriis. 2/3 fan de sjuery is al stoarn… En ekskús foar dy trui… En wat wie dat in moai feest by Jikke Ozinga! Jo soene hast sizze, sokke feesten binne der tsjintwurdich net mear. […]

Drok en loai

Bytsje drok hjoed en no wat loai… Dat ik ferwiis efkes nei in aardige diskusje dêr’t ik ek by belutsen bin! Hjirre, op de Contrabas. Ha rjappels bakt & hin & raukost

In sjuery sûnder kennis fan saken

Dat der wier wol nij literêr talint yn Fryslân bykomt, alle kearen wer, bewiist wol Jetze de Vries, mei syn lange fers “Swijplicht”. Dy moat mar ris wat  opstjoere, nei de literêre blêden, pardon, it iennichste literêre blêd fan Fryslân: ensafh. Nuver dat soks dan in oanfiterpriis kriget fan de Rely Sjuery en net in […]

Al wer in foarsizzing goed

Sei ik it juster net? De sjuery fan de #twicht wedstryd hat in Hollânsktalich gedicht útsocht, fan toenwasradio. No, fan herte lokwinske! Dochs spitich dat de sjuery myn oangripende: O Tresoar jou my dy spjelde ik sjong fan bosk en fjilden allinnch mar om mei dat ding te stekken yn de kontsjes fan ús Fryske […]