Tag Archives: Hylke Speerstra

Konservatyf Boekefeest?

Yn de nije Oesdrip, dy’t ik op papier tastjoerd krigen haw, om’t in Skriuwersboun mient dat ik gjin ynternet haw, stiet al wat ynformaasje oer it programma fan it Boekefeest op 16-09-2011, yn Tresoar. Ik haw earder al mei fernuvering konstatearre dat it konservatisme wer hielendal werom is by de organisatoren fan dizze Moanne fan […]

Fryske skriuwers knibbelje foar it kapitael

Ja hear, ek de Fryske Literatuer wie fertsjintwurdige by it elite-treffen yn Achlum, ôfrûne sneon. Hylke Speerstra (of syn webmaster) skriuwt: ‘Op de Conventie van Achlum (28 maaie 2011) krige ek de Fryske literatuer omtinken. Yn folle húskeamers kamen de dichter Tsjêbbe Hettinga en prozaïst Hylke Speerstra los mei fersen en proazafragminten. Mindert Wijnstra fermakke […]

Spearstrapunt

No bin ik my der fan bewust dat ik de lêste tiid tige kritysk útlitten haw oer it Ynstitút dat Tresoar hjit. Dat soe eins net nedich wêze moatte, want op himsels is der neat mis mei, dy minsken dogge ek har bêst, meie wy oannimme fansels. Oer de (eks?) literatuerbefoarderer haw ik al genôch […]

Populisme by Tresoar

Twa Hylke’s foar de priis fan ien!

Links Hylke Speerstra, rjochts Hylke Tromp. Literêr Sirkwy, Poppenwier 24-10-2010. Jûn of moarn filmkes fan de dichters & muzyk op Omrop Knilles. Dus.

Fize YouTube filmkes

Ik hie it earst net heard, dat kaam tink fan it spuien, mar op in bepaald stuit hat Hylke Speerstra it oer ‘Fize YouTube filmkes.’ Jawol, op minuut 24 yn dit programma seit Speerstra soks. Dat kin allinnich mar op dit, tige aardige filmke slaan… Goed! Foar straf noch in fiis filmke!

Beskieden debyl

Goemoarn bêste minsken. Op dizze grize sneintemoarn woe ik it dochs ris oer dat programma SneonS fan juster hawwe. Jo kinne dy útstjoering yn myn foarige berjocht oanklikke. Ik sil my ynhâlde. Besykje alteast. Lit ik alderearst hjir ris in trochferwizing delsette nei in kursus Frysk praten. Jo witte tink wol wa’t ik dy kursus […]

Efkes spuie mei Fryske Skriuwers

Klik op it plaatsje!

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin