Cornelis van der Wal

Tag: Hylke Tromp

  • Foto’s Rink van der Veldepriis foar Anne Feddema

    Efkes op de foto’s klikke foar in grutter byld.  

  • De oerwinning fan de brutsen kowekop yn de ripe mist + updeet

    Ha! Dêr wiene se al, de nominaasjes foar de Fedde Schurer Publykspriis.. Dus net op 7 april, mar op de 6e al. No no, it is my in listke wurden! Stimme kin dus hjir. De oerwinnings fan Tido Houtsma Thys Wadman Fan glês it brekken Elske Kampen Fol túch de mist yn Hidde Boersma Gerben Rypma Eeltsje Hettinga Indentiteit…

  • Seminar op redens

    It sil jo net ferbaze: Knilles hat wer wat te seuren. Mar it tafal wol, dat ik gelyk haw. Fyn ik sels. Meikoarten komt der wer in rige lêzingen yn de rige Sirkwy Seminar. Diskear mei organisearre troch ensafh, dat de kwaliteit is garandearre. Ferline jier hiene wy noch it debakel fan Hylke T., dy’t…

  • Grutte Lieder Tiemersma sensurearret Beppe Oppewal

    De nijste publikaasje fan Duo von Däniken slacht oan by it grutte publyk. Ek It Nijs hie it filmke juster op har side setten. Lykwols, in pear minuten neidat de almachtige Koos Tiemersma, de Hearsker, de Grutte Lieder fan de Fryske Skriuwers de folgjende reaksje ûnder dit, folslein ûnskuldige ferske delkwattele: ‘Sûnt wannear lient It Nijs…

  • Iepen brief oan Tresoar

    Bêste minsken fan Tresoar, ik haw wer wat te seuren. It is wier dat ik yn it jier 2004 De Gouden Lykdoarn foar de Meast Paranoïde Skriuwer ûntfange mocht, in priis dêr’t ik noch altyd tige grutsk op bin, benammen fansels omdat er ûndertekene is troch Arjan Hut, mei wa’t ik oare wike nammers de…

  • Foto’s literêre kuiertocht Ljouwert

    No ja, ik stean der yn, yn it boekje oer de literêre Ljouwerter Kuiertocht. Mei in sitaat út Kening Kees. Fyn it wol bêst sa. Sjoch ris wat in aardige foto’s ik makke haw! Klik op ‘e foto’s foar in moai grut byld. In bûtenierdsk hynsder seach ik út it rútsje fen de trein  …

  • Harje de bom (+updeet)

    Hee, wat aardich, fannemiddei is der in literêre Stedskuier troch Ljouwert. Ik soe der eins hinne moatte, sa tocht ik yn earste ynstânsje, neidat ik juster Pieter de Groot  syn rubryk Harje lies: ‘Ook als de schrijver negatief in het nieuws is gekomen, wordt dat niet verzwegen. Zo wordt bij de Grote Kerk verteld over…

  • Moanne fan de Fryske Bamy

    Ja, dat wie hjoed, wol’k leauwe. De presintaasje foar de parse fan de Moanne fan it Fryske Boek 2011. Harkje ris wat de direkteur fan Tresoar hjir oer te melden hat. Nijsgjirrich hear! Lykwols, ek dit jier wurdt Knilles boycott! Nearne foar útnoege, der is gjin skriuwersportret fan him makke, en gean samar troch. Jo…

  • Konservatyf Boekefeest?

    Yn de nije Oesdrip, dy’t ik op papier tastjoerd krigen haw, om’t in Skriuwersboun mient dat ik gjin ynternet haw, stiet al wat ynformaasje oer it programma fan it Boekefeest op 16-09-2011, yn Tresoar. Ik haw earder al mei fernuvering konstatearre dat it konservatisme wer hielendal werom is by de organisatoren fan dizze Moanne fan…

  • Dichters yn ‘e sânbak

    Der binne wolris minsken, dy sizze fan ‘Knilles, wêrom bisto altyd sa negatyf wat Tresoar en sa oanbelanget?’ It is in optelsom wurden, dames en hearen. Mar ferline jier wie der in djiptepunt, neist in hiele foute mail fan Teake O. oan myn persoan, wie der ek noch de, mei troch Tresoar organisearre lêzing fan…