Tag Archives: Hylke Tromp

Pasta is tafal

Bêste freonen. Ik tocht hjoed wer ris oan it fenomeen tafal. Dat wol sizze, is it wol in fenomeen, wannear’t it eins net bestiet? Sa’t jo faaks witte bin ik in soad dwaande mei de stúdzje fan de astrology. Dat tafal, ik leau der net mear yn. Ja mefrou, it hielal sit ferhipte yngewikkeld ynelkoar. […]

Redbad Rames

No, dat wie in moaie middei yn Stiens. Nijsgjirrige foardrachten en Kramtried kin útgroeie ta in wichtige band yn it Frysktalige Metal-barren. Ik kin ek útgroeie, mar doch oan de lijn. Fannemoarn 77 kilo. Hat wolris mear west. Mar ik haw myn kop ek wer milimetere, dat skeelt faaks wer wat gewicht. Ûnder de taharkers […]

Doeke, Coen en Hylke

No minsken, it is dan einlings safier: jo favorite dichter, skriuwer ensafh is dochs mei namme neamd yn de rige lêzings fan Sirkwy Seminar. Is’t net prachtich? Ik lies it juster al op twitter, mar hjir kinne jo it allegear ris neisjen, by Friezehater, idelteut en minor publisist Coen Peppelenbos. Peppelenbos komt oars ek foar […]

Josse de Koe

It hâldt de gemoederen noch altyd dwaande: de lêzing fan Hylke Tromp. Neffens de oars tige wurdearre stjoerder.nl wie it in grut súkses: “De earste lêzing, troch Hylke Tromp, wie in grut sukses. Sasear sels dat der in bootleg opname op it weblog fan Cornelis van der Wal kaam te stean.” It stikje op Stjoerder […]

Nochris: lêzing Tromp

Ha leave berntsjes, ik bin frijwat griperich, mei pinekop. Dat ik ferwiis allinnich mar efkes nei dy briljante, folslein fernijende fyzje fan Hylke Tromp op de Frysktalige poëzij. No ek del te laden as PDF: http://www.sirkwy.nl/titel/430 Dus. Net in soad nocht oan iten tink jûn.

Wat mear ynfo oer lêzing Tromp

No, de kyksifers fan dizze side sitte de lêste pear dagen aardich yn ‘e plus. Dochs kin ik my foarstelle dat der minsken binne dy’t dy pedante lêzing fan Hylke Tromp net hielendal útharkje kinne. Jo wurde ommers oansprutsen as wiene jo in skoaljonkje, dat noch nea in gedicht lêzen hat, dat noeget net sa […]

Lêzing Tromp online!

No minsken, ik soe sizze, gau opslaan dizze lêzing, foardat master Hylke syn abbekaten op my ôfstjoere sil… Foarmje jo eigen oardiel, jo kinne it, besykje it mar! Lit jo net ôfskrikke troch it leven oan it begjin fan de opname’s, dat duorret mar efkes. Diel ien fan dizze yn mear as ien opsicht histoaryske […]

De rankune fan Hylke Tromp

Justerjûn haw ik dan dochs mar nei de *kuch* lêzing fan Hylke Tromp yn Tresoar west, it gie *kuch* oer de Frysktalige poëzij tusken 2000 en 2010.  Och, ik kin it allegear wol gearfetsje, mar dêr haw ik gjin nocht oan, want ik siet neitiid ek noch efkes yn de Scamele Ruter mei de ûnbegrepen […]

Aai mei tomaat

Ut tige betroubere boarne hearde ik dat de moasjes fan it Skriuwersboun (sjoch juster) net yn stimming brocht binne, der is allinnich meidield dat de oprop fan it Boun ûntfongen is en dat se it trochstjoerd hawwe. Faaks hellet dat krantestik wat út. Foar de goede oarder: ik stean yn dit stik fan saken hielendal […]

Selsbeneamd hillichferklearre ekspert

No, leave lêzerkes, de klok al lyksetten? Se rinne yn literêr Fryslân net oeral like lyk: Fan ’t winter sil der in rige fan fjouwer lezings organisearre wurde by Tresoar, der’t saakkundigen in algemien oersjoch en in persoanlike wurdearring fan de Fryske literatuer yn it nije millennium yn biede sille. Dus net allinne: wat is […]