Tag Archives: jannewietske

Snits, kulturele haadstêd

Nee, net fan Jeropa, mar fan Fryslân. Oer in jier moat it klear wêze, it nije Theater fan Snits. En neffens my sjit it lekker op. Bin tige benijd wat de programmearring wurde sil. Graach in soad opera! En gjin *yuck* musicals please! Of it moat Jannewietske, de musical wêze, dan kom ik efkes del. […]

Obe en Fedde, it kin se neat skele + UPDEET

It is earne oars ek al nei foaren brocht, mar dat is skreaun troch ien dy’t anonym bliuwe wol, en dus net al te heldhaftich is, en dus net serieus nommen wurde kin fanwege dizze anonimiteit, dy’t nammers daliks al trochbrutsen is troch ûnderskreaune en dêr is de belutsene net sa bliid mei. In petear […]

Jannewietske wit fan neat!

Nee, ik bin der noch wol hear, mar yndied, net sa folle nijs de ôfrûne dagen op dit blochke. Bin drok mei in skriuwprojekt, der komt aardich skot yn. Jo hearre der mear fan. Alteast as der noch Fryske boeken útbrocht wurde kinne yn de takomst. Hat it nije kolleezje hjir ek wat oer sein? […]

Sûnder titel

Dit is net leauwen, sa tocht ik doe’t it folgjende artikel fia Twitter by my yn ‘e hûs kaam: ” Friesland en Leeuwarden mogen niet meepraten over de toekomst van het cultuurbeleid in ons land. De stad Groningen kan de belangen van heel het Noorden prima vertegenwoordigen, vindt het ministerie van cultuur. Daarmee ligt het […]

Speklapke ûnder kuratele

Aardich dat de Moanne ek wat aktiver op ynternet wurdt, no noch wat better om de kwaliteit tinke wat de digitale ynstoerings oanbelanget! Guon minsken kinne better ûnder kuratele steld wurde, is’t net sa? Soene se de konkurrinsje mei ensafh oanwolle? Kânsleas! Oer de Moanne sprutsen, ik krige de papieren ferzje hjoed wer yn de […]

Jildfergriemerij!

(earder ferskynd op text tv) Fryslân 2018 Op www.fryslan2018.nl stiet sûnt koart te lêzen: “Fryslân hat de ambysje om Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden yn 2018. Hoe? Troch ien fan de alve stêden as baanbrekker foar de hiele provinsje te kiezen en alle Friezen meidwaan te litten.” Dy iene stêd is, hoe betinke se it, […]

Stien op ‘e Kaart

Nee, hjoed mar net nei de Stien, ik kom der net oan ta. Haw mysels in deadline oplein, wat in poëzijbesprek oanbelanget. Ik sei lêst dat der net sa’n soad poëzij mear útkaam… Mar dat is net sa… Juster in pakje mei fjouwer boeken binnen krige. Sil der oare wike mei oan ‘e slach. En […]

Gjin Frysk mar asfalt!

Kulturele Kibbeling

Niiskrekt in bakje bamy, in stokje saté en in grutte lûmpia iten, by Lekker Sneek. Hearlik mefrou, jo witte net wat jo misse. Ja, ik bedoel jo dêr, efter dat byldskerm, mei dat briltsje op. Ja, yndied, josels. Ja, ik sjoch alles, no. Gesellich dêr nammers. As ik aanst wer sin oan wat haw, dan […]