Tag Archives: Josse de Haan

Te Gast: Josse de Haan n.o.f. in petear mei Teake Oppewal

Hjoed stel ik myn weblog beskikber foar in bydrage fan Josse de Haan, dy’t reagearret op dit (net al te krityske *kuch*) petear yn it Deiblêd mei Teake Oppewal. It binne tapaslike fragminten út De Haan syn boek ‘Fyts mei wynflessen’.     (De teksten efkes oanklikke)  

Besprek Wolf yn harnas troch Josse de Haan

No, sjoch ris oan: in besprek fan ien dy’t àl poëzij lêze kin… Besprek bondel Wolf yn harnas fan Cornelis van der Wal

By krityk gjin opdrachten mear

Ik sitearje Josse de Haan op Abe de Vries syn Facebook: 1. Ik krige in utnoeging fan it Skriuwersboun om mei bestjoerders en oare pommeranten yn desimber oan de mienskiplike trôch te iten – wurklist: de fraach beantwurdzje – wat moat it wêze ‘lân fan taal of lân fan talen’ (in linguïst hâldt in ynlieding). […]

Literêre snekber

Nijsgjirrige passaazje út in reaksje fan Josse de Haan op ensafh: Tresoar – ‘wy doare gjin kommentaar op Tresoar te jaan, want dan krije we gjin opdrachten mear’, seine skriuwers tsjin my yn febr. l.l. Wannear sil it no ris út wêze mei de macht fan de ynstitúsjes wat literêr Fryslân oanbelanget… Ik wol der yn elts […]

Nanette… Tsjinhâlden troch it Frysk-literêr Politburo

Ik krige fan Josse de Haan nei oanlieding fan myn blog fan juster noch twa dokuminten tastjoerd. Se sprekke foar har sels tinkt my. De foto’s efkes oanklikke foar in better byld. En dan noch in kear onklikke foar in fergrutting.  

Kommentaar by waarm iten

Der is eins gjin kommentaar mear by nedich. Sjoch de foto hjirûnder út ‘Reedride op glêd iis‘.  Dat ien sa’n macht hat om Fryske skriuwers tsjin te wurkjen… Ik haw der gjin sicht op oft de situaasje no faaks feroare is wat de literatuerbefoarderer oanbelanget. Mar T.O. wurket yn elts gefal noch wol by Tresoar, […]

Hoannepasta

Ik krige synjalen dat guon fan myn fêste besikers op myn bloch ûngerêst wiene oer myn sûnens. Dit fanwege in lange perioade fan swijen hjirre. No jonges en famkes, der mankearret Knilles neat hear, mar ik wie tige besteld mei it skriuwen fan in hiel dreech artikel, dat no aldergeloks klear is. Jim hearre der […]

Vliegende patat

It wie in moaie jûn, mei treflik iten en drinken by de Vliegende Hollander yn Ljouwert. Josse de Haan hie syn literêre freonen útnoege nei oanlieding fan it ferskinen fan Reedride op glêd iis. Hjirûnder in stikmannich foto’s. Sawat alle Fryske skriuwers fan ymportânsje wiene der. Nee, jo net, mar wat seit dat oer jo? […]

Lekkere stazjêre

Goeie jonges en famkes, ik kom der no efkes net oan ta, mar moarn  in histoarysk blochke oer Teake O. en Abraham de S. Sjoch oars ek ris de reaksjes fan Josse de H. op myn Dijsselbloem-stikje. Mar efkes wat oars: wêrom stiet der op de side fan Sirkwy noch hietyd AGENDA ynstee fan it […]

It Y-Skrift fan Skanomodu: platfoarm foar oersaaie jongerein

Justermiddei, 28-03-2015, wie ik, as ûnôfhinklik blogger, oanwêzich by it ‘Sirkwy Sympoasium ‘Fryslân en de wrâld 2.0. Jonge Friezen mei kulturele ambysje’. Ik kin mis wêze, mar neffens my waard ik troch de lju fan Skanomodu wat mei in skean each oansjoen. Dat fansels fanwegen myn ‘ûnthulling‘ okkerlêsten fan harren Y-Skrift. Lykwols, hoe is dat […]