Tag Archives: Karen Bies

Ofgryslik saaie petearen

Geweldich! De Gysbert 2013 is foar Jacobus Smink! De sjuery koe net om myn poll hinne, sa docht bliken. Dizze bekendmakking wie juster eins it iennige hichtepunt fan it jierlikse Boekefeest yn Tresoar. Ofgryslik saai wiene de petearen dy’t laat waarden troch Karen Bies. Bies wie bepaald net yn topfoarm. In ferneamde eks-radiofrou sei letter: […]

Besprek de Moanne, Jiergong 9, nû. 7 Mei Rapportsifers.

Ja, gau foardat der wer in nij nûmer is. En tink derom, frou Digi Beetstra: op de linken klikke hin, dit is ynternet witte jo wol. Jaap Louwes stiet mei syn troanje op de foarside. Net echt trochlibbe, dy kop. Hy moat wat mear drinke, of oan de oare drugs gean. Dat soe syn sloppe […]

Petear mei Boekekast

No minsken, moarn is jo favorite dichter te beharkjen by Omnium, Omrop Fryslân. It petear giet oer myn boekekast(en). Ik nim it ek wol efkes op, en set it earne del. Dochs moai fan de Omrop. En dan mar hoopje dat Karen Bies moarn myn namme goed útsprekt. It is van der Wal, en net […]

Twicht fan Knilles op de Omrop

Mei tank oan John Bosma foar de tip: Klik hjir foar Omnium, en dan harkje op minuut 47:55. No, en Karen Bies fynt it ek noch in moai gedicht, heden heden, wat wol in minsk noch mear.

Besprek de Moanne jiergong 9, nû. 4 (diel 1)

Ja, wy moatte fierder. Der stiet in hiel kreas frommeske op de nije Moanne, soe se al ferkearing hawwe? It is Ola Mafaalani. Wa? Ola Mafaalani. No, dy mei fan my wol in 8.3 krije. Wat sifer soe Knilles fan Ola krije? Wa spilet ris foar relaasjekonsulint? Ik hie it der al earder oer, mar […]

Besprek de Moanne, nû 3, jiergong 9 + Updeet!

Ja, dêr wie der al, it besprek dêr’t literêr Fryslân op siet te wachtsjen. Wat fierders ek myn krityk op dit nije nûmer is: it omslach, mei de foto fan J.Q. Smink makket in soad goed. In 8.7. Ik fyn him yn ‘e fierte altyd wat op Job Cohen lykjen. It nije nûmer set wer […]

Besprek de Moanne, jiergong 9 nû. 2. Mei rapportsifers!

Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers. De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4. Estafettekollum is neat oan, in 4.3. […]