Tag Archives: Kerrysaus

Fers2: de Nijste Faal fan Abe + oanfolling

No ha’k it eins net oan tiid, mar dochs in lyts stikje oer fers2.eu, in nij inisjatyf fan Abe de Vries. It is in Frysk literêr tydskrift. Tige spitich dat Abe no ek Friduwih Riemersma yn syn fal meisleept. Want dat ek dit projekt mislearje sil is wis. Dat giet no ienkear sa, by Abe. […]

Nochris: Symfony nû. 1

Noch altyd tige wiis met de nije pjûter. Ik haw him no hast al folstoppe mei samples en vst-ynstekkers. Dat, wy kinne hast losgean mei nije komposysjes. Efkes knippe en plakke út in âld blochke: ‘harkje ris nei myn symfony nû. 1, it earste diel. Makke yn 2005, mei net al te bêste audiokaart en […]

De Folksfrieun

Komme jim wolris op archive.org? In wrâld oan prachtige boeken, bygelyks it tige nijsgjirrich psychiatrysk wurk fan Krafft-Ebing. Mar ek in hiel soad biografyguod en sa. En poëzij. Ik lês sokke teksten it leafst as pdf op myn Aaipet, liket folle moaier as op de Kindle. Net allinnich boeken nammers, ek byldmateriaal en… Sjoch sels […]

‘Hoi’ seit de hin

Ik wie juster efkes yn Tresoar, boeken ynleverje en liene, jo kenne it wol. Nim ik oan alteast. Efkes yn de katalogus omstrúnd, ja, yndied, de katalogus dy’t sa goed ferstoppe is op de nije side fan Tresoar. En mei klachten hjiroer wurdt neat dien. No, hy stiet hjir dus. Mar hawar, ik seach ek […]

Steven/Stefany Sterk

Dêr hawwe jo it wer: de Fryske skriuwer moat in sakeman/frou wurde. Him/har ôffreegje oft der wol in merk is foar syn/har boeken. Allegear lytse Steven/Stefany Sterkjes wurde alsa. Dat hat Piter Boersma sein, ôfrûne wike by it Skriuwersboun. No sil ik dêr myn libbensdagen net mear ferskine, by dat steltsje weakdieren, dy Bûnsminsken bedoel […]

De Roos van Mei: Romantysk Leafdesduo

Troch in fersin is myn namme net op de flyer kommen, mar ik doch al mei: Ja, jo sjogge it goed! It romantysk leafdesduo Knilles & Elske sil hielendal los gean op it poadium! Jûn sil ik hin mei rys, kerrysaus en eartsjes ite. Ah! It is al letter as dat ik tocht. Yn de […]

De Nije Moanne: net yn ‘e Bus, al op it Net!

Of is er by jo al op it kokosmatsje fallen? Hjir yn Snits noch net, alteast. Mar dat kin fansels ek in boycott wêze. Lykwols: der steane al in pear stikjes út it nije nûmer online. In hiele nijsgjirrigen ien is de kollum fan André Bralts. Nee, noch gjin rapportsifers. Dy komme noch. Eangje net. […]

Lekker ite mei Knilles