Tag Archives: Klaas van der Hoek

No sa, dy hat der àl ferstân fan

Klaas van der Hoek yn de Moanne: ‘En hoe hie myn listje derút sjoen as ik kieze kinnen hie út de groslist yn stee fan de shortlist? Op de groslist steane ommers ek noch – ik doch mar in greep – Granytglimkes fan Elmar Kuiper, De trektocht fan Albertina Soepboer en Kristus Pavlov fan Cornelis van der Wal…’  

Fan dit en fan dat

Niiskrekt in lekker moarnsiten hân foar in Euro yn it Hema-restaurant. Goed, dy omelet is al wat spûnzich, mar it sêdet wol. Fierders krije jo der in croissant (krwassant?) by en kofje. Ik sil it faker dwaan, dat stiet fêst. Moai dat Klaas van der Hoek dit webloch efkes neamt yn syn Gysbert-besprekken foar de […]

Oersette Hollânsk ==> Frysk: tiidfergriemerij

Nee, ik doel net op offisjele, ambtlike teksten. Dy hearre yn it Frysk beskikber te wêzen. Ik haw it oer literêre teksten. Lykas dit gedicht fan Martin Reints, oerset troch Eeltsje Hettinga. Literêre oersettingen hawwe neffens my as doel de oarspronklike tekst begrypliker te meitsjen foar de lêzer dy’t it orizjineel net hielendal folgje kin. […]

Hifke foar de Graal

Heden! Fia Tsead Bruinja waard ik wiisd op de side fan Klaas van der Hoek, mei û.o nijsgjirrige oersettingen fan Emily Dickinson. Marrr ek tige de muoite wurdich is de rubryk ‘Hifke foar it Fûns‘. En it Fûns is dan fansels it Nederlands Letterenfonds. Moai dat soks no online stiet! Fansels sykje jo dan earst […]