Tag Archives: Kulturele Haadstêd

Explore the Fascist

In nijsgjirrich Teleksberjocht op de digitale edysje fan it iennige Fryske literêre tydskrift, ensafh: lês it hjirre. It earste Periopamflet, oer KH18. Eeltsje Hettinga strikes again, mient er sels alteast. Sjoch, it sit sa, wannear’t E. Hettinga it net mei in oare skriuwer iens is, dan is dy oare skriuwer in faksist. En wannear E. Hettinga in […]

Aap mei Prúk

Heu, ik haw krektlyn  it Fryslân DOK – bonusmateriaal Kulturele Haadstêd besjoen en beharke. Efkes bykomme, want ek dêr begjinne se al wer daliks oer de Alvestêdetocht te eameljen. En it muzikantsje  Sytse Pruiksma  mient ek dat er hiel wat foarstelt. It keale keardeltsje hat him okkerlêsten frijwat ferfelend tsjin jo favorite dichter gedroegen, dat […]

Koperative €-tekens

Ja, noch tige drok mei skriuwen, mar it sjit aardich op. Disipline, in wurd dêr’t  ik oars wat allergysk foar bin, mar no moat it. En ik fyn it ek net slim. Nijsgjirrich berjocht by Henk van der Veer, ek sitearre op ensafh. Dus de Koperative Utjowerij bestiet yn feite noch. Ik haw dat brief […]

Stoflike ferskining fan de Keizer

Ja! Dêr hast him wer. It knalt hjir al aardich om it Martiniplein hinne. Reden om hjoed de doar mar net út te gean. Ja, ik bin in suertsje. Goed jier achter de rêch, mei in nije bondel by in útjouwer dy’t lykwols net mear wit wat idealisme is. Bin efterôf ek net sa te […]

Lekkel Kultuleel

Ja, mar wer ris oer de Kulturele Haadstêd 2018. Wigle Sinnema, dêr’t ik juster mei prate, is ek in grut foarstanner fan dit projekt. In oprjocht man, liket my ta. Iksels haw oant no ta grutte beswieren hân, it is hielendal ferkeard opsetten, mei in kertiermakker, Henk Keizer, dy’t hielendal neat mei Fryslân hat, en […]

Pûde mei Chrome

Ik bin wer foar de safolste kear oerstapt. Nee, net fan de SP nei de PVV, of fan anty KH2018 nei pro KH2018… Fan de blêderer Opera nei Chrome. Se hawwe beide har foar- en neidielen. It grutste foardiel fan Opera is fansels dat alles ek yn it Frysk ynsteld wurde kin, en sa’t jo witte: yn […]

KH2018 / C1000 + updeet

Ja, jo hawwe gelyk, ik soe nei de opera yn it Ljouwerter Filmhûs, lykwols… ik haw my fersliept. Hie de trein fan 09:30 al hawwe moatten, en dat is eins tefolle frege fan ien dy’t yn de neare nacht noch dwaande is mei de ferheffing fan it Fryske Folts, wat literatuer oanbelanget. Hiel aardich, de […]

Fytse foar Schnitzels

Nee, gjin triomfantlik gefoel hjirre, wat it mislearjen fan de Kulturele Haadstêd oanbelanget. In trochstart is noch altyd mooglik. It antlit fan Frou deputearre De Vries stie lykwols net al te fleurich, juster by de Omrop. Friezen wolle gjin feesten dy’t har troch de hege hearen en dames oplein wurde. En de twa jier dat […]

Fisk-Sensuer mei saus

No, de Ljouwerter Krante hat my dy ûntbrekkende siden tastjoerd, as pdf. In korrekte gong fan saken, ynoarder. Ris sjen hoe’t it mei Boeken fan Fryslân is… En dan benammen de poëzij… Nee, in sekere Cornelis van der Wal sit der noch net tusken… It is in boycott tink. Of it hat wat mei Bornmeer […]

Snits, kulturele haadstêd

Nee, net fan Jeropa, mar fan Fryslân. Oer in jier moat it klear wêze, it nije Theater fan Snits. En neffens my sjit it lekker op. Bin tige benijd wat de programmearring wurde sil. Graach in soad opera! En gjin *yuck* musicals please! Of it moat Jannewietske, de musical wêze, dan kom ik efkes del. […]