Cornelis van der Wal

Tag: lûmpia

  • Pûde mei Chrome

    Ik bin wer foar de safolste kear oerstapt. Nee, net fan de SP nei de PVV, of fan anty KH2018 nei pro KH2018… Fan de blêderer Opera nei Chrome. Se hawwe beide har foar- en neidielen. It grutste foardiel fan Opera is fansels dat alles ek yn it Frysk ynsteld wurde kin, en sa’t jo witte: yn…

  • Rienzi as lunch

    Hee, dat seach ik tafallich: no snein yn it Ljouwerter Filmhûs in fertoaning fan de opera Rienzi, fan Wagner. Dêr moat ik bywêze. Mei lunch derby ek noch. En in praatsje fan Roelof Nammersma. Ik ken de bêste man net persoanlik, mar ris hearre wat er te sizzen hat. Haw griente en rys en lûmpia…

  • Murdhounlûmpia

    No, sa’t it no liket hawwe Elmar Kuiper en myn persoan in boekpresintaasje yn doarpshûs De Murdhoun yn Húns, ein april. Elmar presintearret dan syn nije dichtbondel Granytglimkes en ik dus Kristus Pavlov. Wy wolle der ek wat eigenmakke muzyk by útfiere, en dêr bin ik no mei dwaande. In skoft lyn dat ik oan…

  • Bondel lûmpia

    Ôfrûne woansdei gie it efkes mis by Mercurius, mar dat hawwe wy in oere letter wer moai oplost. Henk van der Veer wie te gast yn myn nederige studio. Henk hat, mei syn karakteristike lûd ek in trijetal gedichten foarlêzen. It is noch net te beharkjen fia útstjoering mist of sa, der wurdt wurke oan…

  • Akademyske Bamy

    Drok dwaande mei in poëzijbesprek, dat in bytsje koart om ‘e hoeke hjoed.  Ik haw al in aardich steapeltsje nije bondels krigen, mar der binne ek útjouwers dy’t it blykber net sa wichtich fine dat harren útjeften besprutsen wurde, alteast: se stjoere se net nei de krante ta. Sels mar witte! Ik seach dat Durk…

  • Bamy of bommen

    No minsken, foar wa’t der oer ynsiet: it giet hiel goed mei de nije bondel. Dat fyn ik sels alteast, mar ik bin net al te objektyf. In dichtbondel is mear as in pear fersen efterinoar sette en dan klear. Der moat ek struktuer ynsitte. En dy komt der no yn. Lykwols wurdt soks, lykas…

  • Kulturele Kibbeling

    Niiskrekt in bakje bamy, in stokje saté en in grutte lûmpia iten, by Lekker Sneek. Hearlik mefrou, jo witte net wat jo misse. Ja, ik bedoel jo dêr, efter dat byldskerm, mei dat briltsje op. Ja, yndied, josels. Ja, ik sjoch alles, no. Gesellich dêr nammers. As ik aanst wer sin oan wat haw, dan…

  • Wat dronk Driek?

    Ja, ik haw him ek wol troffen, de hookstrooks ferstoarne eks-Dichter des Vaderlands Driek van Wissen. In aardich keardeltsje, allinnich spitich fan dat anty Fryske gedoch. Hy siet geregeld yn café de Wolthoorn te Grins. Wat dronk er eins? It stiet my net mear by. Neffens my wite wyn. Ik haw yn 2000 in spotfers…