Tag Archives: makaroany

‘e eh…

Jawis, ik haw ek efkes op Taalweb sjoen, en om earlik te wêzen, bin ik net sa ûnder de yndruk. Lês oars Daam syn stikje ris, ik kin it wol mei him lykfine. De oersethelp liket yn elts gefal nearne nei. It wurd ‘e hawwe se by de Akademy noch nea fan heard… It makket […]

Wêr bliuwt Fers2 fan Fers2?

Ik kin hast net wachtsje! De earste ôflevering is datearre op 01-01-2015. En it is no 15-01-2015. It tydskrift soe alle 14 dagen útkomme, dat se binne in dei te let! Faaks hat Abe in moaie cartoon tekene! En hat Friduwih in djipdollend essay oer it feminisme by E.B. Folkertsma skreaun! Avensearje jimme! Wy ite […]

Dossier de Contrabas online

Dossier de Contrabas, makke troch Bart FM Droog, stiet online. ‘De ontwikkelingen rond weblog en uitgeverij De Contrabas, 2005-2014.’ Der is ek in ôfdieling oer de ‘Fryske’ útjeften fan de Contrabas en ûnder oaren de gearwurking mei HotSum. Jûn makaroany mei swarma en griente. Ies lekker.

Duo Brein

Fannemiddei wie ik efkes by Anne Feddema om te breinstoarmjen oer in nij projekt fan Duo von Däniken. Doe ik dêr wie kaam ek Willem Winters efkes del en wy krigen beide in presintsje fan útjouwerij Perio… Wat sit dêr yn dat slúf? Wa’t dat witte wol komt oare wike moandei by dizze presintaasje… Aanst […]

Barbaar op mûlharpke

No, der is net safolle belangstelling foar myn foardracht, sjoch foarige bloch. Mar dat wist ik al, dat jimme barbaren binne. It is rêstich op de Fryske blochkes! Hmm, sil ris efkes sjen wat it Aapke op Facebook útspookt… Haha, it earme dier kin gjin dielnimmers krije foar syn dichtkursus by Tresoar… Tsja, leare hoe’t […]

It Frysk in streektaal?

‘Twintig schrijvers verspreid over het hele land die publiceren in hun streektaal vragen om een verhaal en dat verhaal afdrukken met een vertaling ernaast. De literatuur blijft dan niet beperkt tot een bepaalde regio, maar wordt toegankelijk voor iedereen. Dat is het even simpele als krachtige idee dat ten grondslag aan het boek Schrijvers op […]

In slokje Koperen EEE

Heden, gjin wetter yn Ljouwert op dit stuit. Dan mar in wyntsje by it iten! Fannemiddei efkes yn de byb oan it skriuwen west. Op myn âlde EEE. Dy sjogge jo net in soad. Der moat noch in soad barre hjirre, wat de Fryske Literatuer oanbelanget. En ja, ik bin ek by de betinking fan […]

multy makaroany

Dit seach ik fannemoarn yn de Estafette, de Omrin winkel yn Ljouwert. Op syk nei in goedkeape waskmasine. Net te finen fansels. En op myn lêzerkes kin ik net rekkenje, sa hat wol bliken dien. Hjoed dwaande west mei wat de multymediakeamer wurde moat. Haw no in idee fan de ynrjochting, hoe’t it wurde moat. […]

In wier lêsfestijn

No, ik haw de nije Moanne noch net yn de bus krige, mar de ynhâldsopjefte is al beskikber… It belooft wer in wier lêsfestijn te wurden. Neu, gjin besprekken fan literêr wurk wol’k leauwe, of it moat it artikel fan Jaap Krol wêze. Wêr’t ik wier nei útsjoch is it stik fan Elske Schotanus mei […]

It wurk giet troch!

Nettsjinsteande de tryste situaasje fen de Fryske literatuer, sjoch it bloch fan juster, wurkje ik fansels gewoan troch! Wa kin de tekst ûntsiferje? Haw makaroany iten

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin