Cornelis van der Wal

Tag: nasy

  • Dei fjouwer: skriuwerssiden sirkwy.nl noch hieltyd net te berikken

    No tinke jim, Knilles hat de gek mei sirkwy.nl, mar neat is minder wier. No ja, it is mislearre as ‘literêr poadium’ en op noch wol mear fronten, mar de skriuwersdatabase is in moai ding, dêr sil ik neat fan sizze. Ik woe alsa in deimannich lyn wat ûndersyk dwaan, en dat kin no dus…

  • Flauwe nasy

    In nij weblog, altyd moai, no. Nee dus. ‘De AyO-tún: inkijkjes in het leven van Akademy-promovendi.’ Dochs tige spitich dat dizze promovendi gjin Frysk skriuwe kinne of wolle. Dat sille de ‘gelearden’ grif in taaltsje fine om op del te sjen, se hawwe de selde mentaliteit as de redakteur fan de Ljouwerter Krante Philipus van…

  • De fine fleur fan de Fryske Literateur

    Ik hie noch wat foto’s oer fan myn reportaazje fan ôfrûne snein. It soe skande wêze om dy net efkes sjen te litten. Ik jou mar gjin kommentaar by de plaatsjes. Better fan net. Klik op de foto’s foar in grutter byld. Wy hawwe nasy iten.          

  • Rotte nasy

    Hjoed nei Tresoar ta west, de bibletheek, goed te begripen. Ik sil der foarearst allinnich noch om dy reden hinne gean, boeken dus. Foar de rest hawwe se it dêr by my goed bedoarn. Mar lit mar. Haw moaie boeken liend, ik sil it der meikoarten faaks noch oer hawwe. Hie ek moaie muzyk op…

  • Geheime Lokale Omrop

    No, dat gie bêst, myn earste wurkdei by In Geheime Lokale Omrop. Trije dagen wyks sit ik dêre, mei behâld fan útkearing. Ik haw al in stikje op text-tv pleatst en sil my meikoarten ek de kamera-techniken eigen meitsje. Audiobewurking koe ik al en video-guod ek al in bytsje. Ja, dêr sit de grutte dichter…

  • Enigma en Wellness

    No sa, dochs bliid dat ik út Grins wei bin, dêr wenje net al te snoade minsken… Der sit ek in grutte feroaring oan te kommen yn myn noch jonge libbentsje. Jo wurde op ‘e hichte hâlden wannear’t it trochgiet. Dat soe op termyn ek noch wol geunstich wêze foar de Fryske literatuer. Ja riedsels……

  • Priis fan 75 Kilo

    No, dat duorret oars mar lang, de bekindmakking fan de #twicht-priis… Tink net dat ik yn de beneaming kom, it hat de sjuery grif wat te dreech west, myn bydragen. Ik foarsis dat der in Hollânsktalige bydrage útsocht is… Mar hoopje dat ik ûngelyk krije sil. Wat my oars ek wol handich liket: in koördinator…

  • Petear mei Boekekast

    No minsken, moarn is jo favorite dichter te beharkjen by Omnium, Omrop Fryslân. It petear giet oer myn boekekast(en). Ik nim it ek wol efkes op, en set it earne del. Dochs moai fan de Omrop. En dan mar hoopje dat Karen Bies moarn myn namme goed útsprekt. It is van der Wal, en net…

  • Ûngeregeld.

    Ha goeie. Dit blochke sil de kommende tiid wat ûnregelmjittiger ferskine. Of ik set der alle dagen in filmke op, dat is faaks noch better. Bin hiel drok dwaande mei myn nije bondel, dat sa. Dat: net ûngerêst wurde wannear’t ik ris in dei oerslaan, it is allegear foar de Keunst! Ik waarmje jûn nasy…

  • Wat dronk Driek?

    Ja, ik haw him ek wol troffen, de hookstrooks ferstoarne eks-Dichter des Vaderlands Driek van Wissen. In aardich keardeltsje, allinnich spitich fan dat anty Fryske gedoch. Hy siet geregeld yn café de Wolthoorn te Grins. Wat dronk er eins? It stiet my net mear by. Neffens my wite wyn. Ik haw yn 2000 in spotfers…