Cornelis van der Wal

Tag: Omrop Fryslân

  • 27 en 28 juni: Knilles yn Fryslân DOK: Fan bûgjen frjemd?

    No, it is wer safier: jo eigen Knilles komt op ‘e tillevyzje.  Utstoerdata binne 27 en 28 juni, op Nederlân 2 en de Omrop sels. Hjirûnder alfêst de trailer! Sjoch ek op it bloch fan Timo Jepkema, de regiseur.

  • Russyske homo-ferfolging: Tryater wit fan neat

    Fan dy mislike anti homo-wetjouwing yn Ruslân hawwe se by Tryater noch neat meikrigen. Ek by Omrop Fryslân witte se noch fan neat, sjoen it petear tusken Simone Keffer en artistyk lieder Ira Judjovskaja. Nee, der wurdt, krekt as is der neat te rêden, in oantal foarstellingen jûn yn Moskou. Eksport fan de Fryske kultuer no!…

  • Koweletters op it buro

    No, de Omrop hat in nije side. Ik bin der net sa oer te sprekken… Wêrom dy koweletters? Der binne ek brillen te keap. By de Action bygelyks, foar in pear sinten. En der is ek gjin nijsrubryk mear mei it kopke Frysk/kultuer. Yn ien kear ôfskaft dus, de kultuer. Wat dat oanbelanget rint de…

  • Omroep Daam

    Ik falt my dochs bot ôf, it lytse oantal Friezen dat har eigen taal skriuwe kin. Jo meie  dus no wol stelle dat it ûnderwiis finaal tekoartsjit. En Jannewietske kin prate wat se wol, it is benammen de polityk oan te rekkenjen dat it Frysk net as folweardige taal brûkt wurdt. Skokkende foarbylden fan min…

  • Petear Boekekast Online

    Ha goeie, ik haw it petear fan fannemoarn online setten, it is hjir te finen! Jûn hin yn reade wyn mei patat.

  • Petear mei Boekekast

    No minsken, moarn is jo favorite dichter te beharkjen by Omnium, Omrop Fryslân. It petear giet oer myn boekekast(en). Ik nim it ek wol efkes op, en set it earne del. Dochs moai fan de Omrop. En dan mar hoopje dat Karen Bies moarn myn namme goed útsprekt. It is van der Wal, en net…

  • Omrop Bamy

    It is in merakel: de Omrop kaam fannemiddei by my del. Lês myn getsjetter foar mear ynfo. Letter mear nijs. Dus. Sil aanst nei de Sinees. Kâns is 93,04 % dat it Bamy wurdt.

  • Twicht fan Knilles op de Omrop

    Mei tank oan John Bosma foar de tip: Klik hjir foar Omnium, en dan harkje op minuut 47:55. No, en Karen Bies fynt it ek noch in moai gedicht, heden heden, wat wol in minsk noch mear.

  • Minder Dwers? + updeet

    No, dat is moai, dat Knilles sa’n ynfloed op de media hat.  Dat is net allinnich moai, mar ek terjochte. Wêr haw ik it yn ‘e goedichheid oer? No, en de tsjetterders dy’t my folgje, op Twitter dus, dy wisten it al: it nuvere berjocht dat juster op de side fan Omrop Fryslân stie, mei…

  • Se mutte fut

    Ja minsken, ik bin in bytsje drok mei allerhanne skriuwwurk, mar ik moat myn trouwe lêzerkes fansels net yn ‘e steek litte. Hee, wat sjoch ik by Buro de Vries? De lêsklub oer de biografy fan prins Bernhard. Ien kear yn de moanne komt de lêsklub byien yn Buro de Vries om in boek te…