Cornelis van der Wal

Tag: pankoeken

  • Side Sirkwy wurdt net byhâlden

    En, jawis: krektlyk as de FNP giet Sirkwy ek stadichoan oer yn it Holânsk… ‘Geen agendapunten’. My tinkt dat der wiswier wol agindapunten binne. De side wurdt net byhâlden, dêr komt it op del. Sleauwe bedoening dêre! Jûn pankoeken  

  • Hasjys en in fruchtesapke

    No, dat giet tige rap hear, dat lienen fan boeken fia it IBL. Ik koe it boek juster al ophelje. It giet nammers om Droge Trakl, in stúdzje nei de ynfloed fan drugs op de poëzij fan Georg Trakl. Hiel dreech te bewizen soks, tinkt my. Mar ek tige nijsgjirrich. Ik sil der aanst yn…

  • ûnlêsbere pankoeken

    Fannemiddei, tusken it reguliere skriuwwurk troch, efkes yn de nijste Moanne omlêzen. In bytsje al tefolle polityk, nei myn sin. Piter Jelles èn Domela wurde yn de skynwerpers setten. Net al te nijsgjirrich, dy mantsjes. De poëzij fan Troelstra seit my earlik sein hielendal neat. Mar dat sil ik wol net sizze meie. En wêrom…

  • iP2 r90 en Wylde byldspraken

    In pear moanne lyn haw ik fan in Geheimsinnich Persoan in hiele steapel iP2 r90 ‘ Rendez-Vous’ krigen, it ienmanstydskrift (want der wiene doe noch gjin weblogs) fan Josse de Haan. Literêr, mar ek polemysk. Ik bin se no allegear oan it trochlêzen. Konfrontaasjes mei Teake O. (ja ek yn 1994 hiene jo dêr al…

  • Brune snert

    No minsken, wer goed nijs fan it Frysktalige blochfront: Albertina Soepboer is wer úteinset mei har webloch! Fansels al daliks synjalearre troch it nea folpriizge tydskrift ensafh. No noch twitterje Albertina! Of Facebook, of Hives, of… Ik haw in skoftke op Facebook sitten, mar dat kostet my fierstenfolle tiid. Twitterje en blochje, ik haw dêr…

  • Provinsje twingt de Moanne en ensafh ta fúzje!

    Al earder publisearre (earne) op myn âlde weblog, mar doe as grapke. No is it bittere wierheid minsken! De Fryske oerheid wol sa min mooglik jild oan de Fryske literatuer ferskite. Alle jild giet nei it projekt om Kulturele Haadstêd te wurden, wylst elkenien dy’t in bytsje neitinke kin wit dat soks folslein ûnrealistysk is.…

  • Legimitatie mei slaad

    In oerke lyn nei it stimburo west, yndied, om te stimmen. Stimburo nûmer 1, yn it Gemeentehûs fan Snits. Dat is wer ris wat oars as yn in rudich âld skoaltsje of tsjerkje, in lokaasje op stân, mei’k wol sizze. En wat hat it mantsje stimd? It is gjin geheim: op Jan de Wit fan…