Cornelis van der Wal

Tag: Pasta

  • Bespotlike tsiis

    Nee, ik haw net meidien justerjûn. Ik bin skriuwer, dat ik skriuw leaver. Al in moaie opkomst oars by de demonstraasje foar better Frysk ûnderwiis. Mar wêrom sa’n bespotlike namme betocht: Sis Tsiis? Dat slacht ommers nearne op. No ja, it is foar de goede saak, sille wy mar tinke. Jim sille faaks tinke: pakt…

  • De Katalogus, diel III

    No minsken, Tresoar hat antwurd jûn, dat is hiel moai! In grut part fan de oplossing ta de katalogusproblemen stiet hjir: http://www.tresoar.nl/Pages/Tresoar-in-de-cloud.aspx. Mar ik hie myn mailadres ferline wike al trochjûn, en koe noch altyd net ynlogge. Goed, ik haw myn emailadres mar wer opnij trochjûn, en haw dêr in befestiging fan krigen. Marrrr… Ik kin noch…

  • Hoannepasta

    Ik krige synjalen dat guon fan myn fêste besikers op myn bloch ûngerêst wiene oer myn sûnens. Dit fanwege in lange perioade fan swijen hjirre. No jonges en famkes, der mankearret Knilles neat hear, mar ik wie tige besteld mei it skriuwen fan in hiel dreech artikel, dat no aldergeloks klear is. Jim hearre der…

  • Melklokaal opwaarme

    Justermiddei wiene wy by de iepening fan Anne Feddema syn útstalling, yn it Melklokaal yn it Hearrenfean. It wie tige drok! Hjoed waard skriuwend Fryslân ferrast troch dit berjocht. ‘Tresoar siket Fryske skriuwers foar Europeesk útwikselingsprojekt.’ In net ûnaardich projekt, moat ik sizze. Mar ik doch net mei. It duorret foar my oan ‘e iene…

  • Nije bondel

    No juh, it is hast safier: de nije dichtbondel is sawat klear. Sil der noch in pear dagen mei ompiele, mar dan stjoer ik it manuskript nei de útjouwer. It folgjende fers komt der yn elts gefal yn te stean, tegearre mei 32 oare gedichten. Wy hawwe pasta iten. Omheech yn it stof In keamer…

  • Grut Nijs: Gjin Nijs!

    De swier subsidiearre side Sirkwy.nl makket der, pardon my french,  in soadsje fan. De Aginda, sorry Agenda wurdt al in pear wiken net mear byhâlden. En by Skanomodu fine se it net nedich te reagearjen op in hiele fatsoenlike fraach… Ik hoopje dat der in soad snie falle sil. Jûn pasta.

  • Fakatuere’s by fers2.eu!

    Tsjong, it bliuwt behelpen hear, mei dat nije Frysk-literêre tydskrift fers2.eu. Sjoch ris nei de folgjende twa foarbylden: ‘xsjoen’. Just, jawol. My tinkt: der is ferlet fan in fakatuere foar in korrektor by Fers2.eu De opmaak is ek in bytsje eigenaardich: Noch in fakatuere alsa, foar ien dy’t de teksten in bytsje kristlik op it…

  • Trije Suchten + Updeet: ensafh oernommen troch Fryske Akademy!

    No woe ik fansels ek graach mei dit blochke op dy moaie *kuch* foarside fan de Fryske Beweging stean, dat ik skreau de Bewegers in mailtsje. Dêr komt hielendal gjin reaksje op, lit stean dat se myn blochke dêr selsette. Sucht. Al like prachtich *kuch*! is de side fen it Skriuwersboun. Mar dy wurdt neffens…

  • Krisis by Skanomodu?

    Lit ik begjinne mei de konstatearring dat ik it Y-Skrift fan Skanomodu in waarm hert tadraach. Nee, dat Mienisme fyn ik hielendal neat, bûltsjeblazend suertsjepraat, mar fierders steane der geregeld tige nijsgjirrige bydragen yn dit digitale tydskrift. Of moat ik stiene sizze? Ommers, de lêste bydrage is fan 25-09-15… It is no 29-09-15. Der wurde…

  • Hub fan pasta

    Jawis, it is wat switterich hjir op myn grutte souder yn it âlde sintrum fan De Hoofdstad, mar ik haw hjir in aircooler foar my oan it wurk, dat ik oerlibje it wol. Kyk es an, der is in nije eh… Hub oan it Frysk-digitale firmanent ferskynd: Redbot. Aardich betocht, dy namme, hear. It oertsjûget…