Tag Archives: Pasta

EO’ers yn ‘e aow

Efkes oanklikke foar in goed byld Alsa de Ljouwerter krante fan hjoed. Ik haw it fan Facebook oernaam. No woe ik ôfrûne sneon ek graach it tekstboekje fan de lêzingen op it Sympoasium keapje, mar ik hie gjin cash by my. Ik bin oars tige benijd wat Reitsma ûnder persoanlike oanfallen ferstiet. Sitaten graach! Ik […]

‘Oprjochte Frysk’

Ik wit net krekt wêr’t de FNP mei dwaande is op Facebook, mar dit is grif gjin reklame! It sil wol in goedwollende ienling wêze, net oan de partij ferbûn. Dat hoopje ik alteast mar… Dreech no, dat Frysk… ‘Konden we het maar allemaal’   Jûn ite wy opwaarma pasta

Nochris: Symfony nû. 1

Noch altyd tige wiis met de nije pjûter. Ik haw him no hast al folstoppe mei samples en vst-ynstekkers. Dat, wy kinne hast losgean mei nije komposysjes. Efkes knippe en plakke út in âld blochke: ‘harkje ris nei myn symfony nû. 1, it earste diel. Makke yn 2005, mei net al te bêste audiokaart en […]

De Folksfrieun

Komme jim wolris op archive.org? In wrâld oan prachtige boeken, bygelyks it tige nijsgjirrich psychiatrysk wurk fan Krafft-Ebing. Mar ek in hiel soad biografyguod en sa. En poëzij. Ik lês sokke teksten it leafst as pdf op myn Aaipet, liket folle moaier as op de Kindle. Net allinnich boeken nammers, ek byldmateriaal en… Sjoch sels […]

It Nijs swijt

Dizze mail stjoerde ik fannemiddei oan it ynfo-adres fan Itnijs.nl. Hoessein jo? Nee, gjin reaksje krigen… Achte bewegers, jim hawwe it grif meikrigen: jim cartoons mei ‘grappen’ oer de resinte fleantúchramp hat foar in soad protesten soarge. Ien fan dizze ‘artistike’ kréaasjes hawwe jim yntusken fuorthelle. Dat is op himsels moai, mar ik wachtsje no […]

D’Annunzio mei tsiis

It is net sa goed foar de produksje fan in nokturnale dichter, it WK yn Brazilië… En dan ek noch hieltyd dy ferlingingen… Aldergeloks no twa rêstdagen, dat ik gean der fannacht wer tsjinoan. Ek in hiel aardich boek kocht foar myn Kindle: de biografy fan Gabriele D’Annunzio. Net dat it my in freonlik persoan […]

‘Hoi’ seit de hin

Ik wie juster efkes yn Tresoar, boeken ynleverje en liene, jo kenne it wol. Nim ik oan alteast. Efkes yn de katalogus omstrúnd, ja, yndied, de katalogus dy’t sa goed ferstoppe is op de nije side fan Tresoar. En mei klachten hjiroer wurdt neat dien. No, hy stiet hjir dus. Mar hawar, ik seach ek […]

D.A. Tammingapriis

No, sjoch ris oan. Jo razende reporter hat alwer in ferslach makke. Jo fine it op ensafh. Klikke mar! Wy hawwe pasta mei saus en raspe tsiis iten.

Matras mei spinaazje

No, dêr giet myn húsboel. Meikoarten te keap by de Estafette. Dat, Tresoar moat der mar op ‘e tiid by wêze, en josels ek. Want wa wol net op in echte Knilles-stoel sitte? Ik haw ek noch in âld, fersliten matras foar jim. Fergees op te heljen, oars giet it aanst nei de Myljeustrjitte. En, […]

Each mei paprika

No, de neven binne der dit jier ek mar betiid by. Bin niiskrekt te pakken nommen troch ien fan dizze tige aardige bistkes. It jûket as hel. Nije bannen op de fyts sette litten, ik fertroude it net mear om in lang ein te fytsen. En, tank dat jo it freegje: it giet hielendal goed […]