Cornelis van der Wal

Tag: patat

  • Tsjêbbe as heit

    Niiskrekt haw ik de film ‘Heit’ fan Piter Hettinga sjoen. Dy heit, dat is Tsjêbbe Hettinga. Jim witte faaks hoe’t ik oer Tsjêbbe syn foardracht tink en tocht. Ik koe en kin der mar min oer. It sizzen is: oer de deaden neat as goeds. Dêr hâldt Piter H. him net oan, jo krije net…

  • Diskette iten

    No minsken, myn nije bondel is de doar út. Nee, net mei de diskette ferstjoerd hear… Ik neam noch mar efkes gjin titel… Dat betsjut oars net dat ik neat mear te dwaan haw…De literatuer hâldt gjin skoft, no. Jo hawwe fansels al myn wurk yn ‘e hûs… Sa net: hjir kinne jo myn twadde…

  • Flau Mienisme

    Nee minsken, noch hieltyd gjin agindapunten -pardon-  ‘agendapunten’ by Sirkwy.nl. Faaks kinne se dêr troch de glêdens net by de kompûter komme. En dêr betelje wy belesting foar! Skamje jim in bytsje boel! Wa’t him ek skamje moat, dat is de redaksje fan Skanomodu. Hja neame û.o. myn reaksjes op it Mienisme ‘flauwe stikjes‘. Wat…

  • Kulturele Haadstêd toant har wiere gesicht: anty Frysk

    Hiene jo dit al lêzen? ‘De angst voor het vreemde en zelfs het benepene is nog niet uit Friesland en Leeuwarden verdwenen, zo viel uit het betoog van de cultuurdiva op te tekenen. Ook het lompe kwam aan bod in de vorm van Friezen die weigeren Nederlands te spreken in gezelschap van niet-Friezen. Waarom doen…

  • Tresoar slikket de skuon fan Dijsselbloem

    Swalk, en dat is dus Tresoar, hat dit jier as Kadoboek in oersetting fan in Bommelboek. Dêr haw ik al earder wat oer skreaun, lês mar. It komt der op del dat ik it mar nuver fyn dat der gjin oarspronklik Frysk literêr wurk útkeazen is. Of wiene de Fryske skriuwers op? Alle respekt foar…

  • Aaifoon fretten

    Ha goeie. Ik bin wat oan it downgraden wat telefoan en tekstferwurking oanbelanget! Fûn op it geweldige Vetusware.com in wp5.1. dy’t it ek treflik docht op myn âlde Toshiba T 1910. En ik haw in Windows-foon kocht ynstee fan myn Aaifoon. Hat it measte mei it batterijgebrûk te krijen. Yn de telefoanwrâld is Windows op…

  • Mei dizze persoan dogge Abe en Teake saken

    Hoi jonges en famkes, ik bin wat griperich, dêrom net sa aktyf hjirre. Komt hielendal goed. Ik woe jim nochris wize op de persoan Chr. B, dy’t ik yn it ferline as freon beskôge. Lykwols, sûnt er gjin stânpunt ynnimme woe wat de email-affêre fan Abe de V. oanbelange, binne de ferhâldingen minder wurden. En…

  • It Swijen fan HotSum

    By HotSum is it stil. Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries: se swije. Hoe sit it begelyks mei de troch De Vries oankundige essaybondel? Giet dat noch troch neidat de Provinsje de subsydzje foar in earder essay-projekt ynlutsen hat? ‘Om 15 novimber hinne ferskynt by útjouwerij De Contrabas yn Utert…

  • Hot Fuort! + Updeet

    No’t wy it dochs oer boekpresintaasjes hawwe: HotSum lansearre justerjûn in trijetal essays en in dichtbondel. Chrétien Breukers soe ek in taspraak jaan, mar neffens my wie er der net by. Of al? Kom der mar yn Abe! Teake Oppewal, fan Tresoar, is ek warskôge foar de praktiken fan de Contrabas, mar de reaksje wie:…

  • RAM patat

    No seach ik in nijsgjirrige fakatuere op de side fan Tresoar… Mar ik sil der mar net op skriuwe, it soe in bytsje nuver wêze. Ommers, ik haw in soad krityk op benammen de literatuerbefoarderer hân, dat om no mei dizze persoan gear te wurkjen… Want dêr sil it yn ‘e praktyk wol op delkomme,…