Cornelis van der Wal

Tag: Pizza

  • Aparte kar advyskommisje Obe Postmapriis

    Erica Bergema, Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong, does that ring a bell? Eh… Ik hie allinnich noch mar fan Rolf Bremmer heard, de akademikus. De oare trije meie jo sels googelje… Hoe dan ek, dizze persoanen hawwe ferstân fan it literêre  Frysk neffens de Provinsje, se sitte ommers yn de advyskommisje foar…

  • Dei twa fan Tresoar yn ‘e cloud

    En de liener yn ‘e kjeld. Noch gjin katalogus fan Tresoar te finen. Gjin liengegevens online. En in grut part fan sirkwy.nl leit der al hat in moanne út. Wurdt neat oan dien. Ik haw sawol sirkwy as tresoar in mail stjoerd, mar dêr wurdt net op reagearre. Net al te fatsoenlik, no. Ik haw…

  • Fers2: literêre ynteelt sûnder wjergea

    Achte lêzer, sa’t jo hjirboppe lêze kinne, bestiet de redaksje fan fers2 út Abe de Vries en Friduwih Riemersma. No is it hjir by Knilles gjin Story as Privé, mar it is algemien bekend dat harren relaasje fierder giet as inkeld in saaklik/literêre gearwurking. It is in spantsje, en dat is fansels hiel moai foar Abe en…

  • Krisis by Skanomodu?

    Lit ik begjinne mei de konstatearring dat ik it Y-Skrift fan Skanomodu in waarm hert tadraach. Nee, dat Mienisme fyn ik hielendal neat, bûltsjeblazend suertsjepraat, mar fierders steane der geregeld tige nijsgjirrige bydragen yn dit digitale tydskrift. Of moat ik stiene sizze? Ommers, de lêste bydrage is fan 25-09-15… It is no 29-09-15. Der wurde…

  • Gjin Boekefeest!

    Nee, ek dit jier gjin Boekefeest foar Knilles. Wy sille mei de Caravan nei it Djippe Suden (fan Fryslân)… En wa’t de Gysbert dit jier kriget… It sil my in woarst wêze. Ik doar nammers wol de foarsizzing te jaan dat it Koos Tiemersma wurdt. Nee, dat bespotlike pseudonym krij ik net út ‘e pinne……

  • Abe brekt mei Breukers

    No, is dat net in moaie kop? Ik haw it út tige betroubere boarne: Abe de Vries wol net langer gearwurkje mei Chrétien Breukers. It ynsjoch komt in bytsje let, mar dat binne wy wend by Abe. Ein ferline jier ferskynde der noch in samling essays fan De Vries by Breukers syn útjouwerij De Contrabas.…

  • Taalpizza

    Der binne de lêste moannen twa leptopkes ferstoarn, hiele âlde bistkes. Nee, de Toshiba t1910 docht it noch! Aldergeloks haw ik wol myn dokuminten bewarre… Dat soe oars in ramp foar de Fryske Literatuer wêze, no! In twaddehâns dinkje kocht mei Windows 7 der op. Dat gie fierstente stadich, dat Xubuntu der opsetten, mei yn…

  • Typyske Brother

    It is noch net sa slim as de samling typmasines dy’t W.F. Hermans oanlein hie, mar ik haw yntusken al in moai setsje skriuw-apparaten oantúchd. Fannemiddei wer in nij âld ding ophelle út Haskerhoarne, foar 10,- €. Dat is gjin priis. Hy docht it treflik, hat in helder display. It is de Brother LW 710i. Hokker…

  • Min waar

    No, ik krij skjin myn nocht fan dat moaie waar. Dat is net goed foar in heechromantysk dichter. Stoarm en stjalprein heite, en in bytsje rap. Ik ferwachtsje oars dat dizze wike myn nije bondel, dêr’t it Fryske Folk sa nei útsjocht (wie’t mar wier…) no einlings ris útkomt. Der komt ek in presintaasje begjin…

  • Ôfpriisde Pollema

    Ah, de loft is opklearre tusken my en de krante. Dat ik bliuw gewoan besprekken skriuwen. Dus. Eardere berjocht is al oanpast. Bin yn de samle ferhalen fan Bokke R.S. Pollema oan it lêzen. Lok en Lijen. Falt my net ta, yn earste ynstânsje. Trinus Riemersma neamt him yn syn neiwurd ‘in nuversma’, mar giet…