Cornelis van der Wal

Tag: Rys

  • Lân fan Taal: Frysk komt op Jan-Poepsplak

    Ja, jo sille wol tinke: dy Knilles is allinnich mar dwaande mei Lân fan Taal. No, dat falt wol ta, ik bin benammen literêr aardich warber, mar út en troch wurd ik wer konfrontearre mei it feit dat by de digitale meiwurkers fan Lân fan Taal it Hollânsk op it earste plak komt, en it…

  • Marzjinale Fryske tydskriften

    Heden, alwer in nije fers2! Wy wurde mar ferwend, no. Wêr hawwe wy it oan fertsjinne? Lykas altyd skriuwe de twa redakteuren it digitale, marzjinale bledsje wer fol… Abe de Vries levere in ûnlêsber stik oer Jan Wybenga. Besykje dochs wat helderder te skriuwen Abe! En de beide redakteuren skreaven in hast like ûnlêsber stik…

  • Trúkjes mei sjampy’s

    Ja, jo falle al in bytsje yn in swart gat, nei it foltôgjen fan in literêr projekt, lykas in dichtbondel. Tiid foar wat oars! Ik wurkje ek noch stadich troch oan in proaza-projekt fansels. Ferfelend is dan altyd de ôflieding dy’t Ynternet hjit… Aldergeloks binne dêr wol wat trúkjes foar. Sjoch hjir mar ris. En…

  • Fisk en it swurd

    Jo binne dochs wol abonnee fan ensafh? Oars meie jo net fierder lêze, ik hâld dat yn ‘e gaten, Big Knilles is watching you… No, wat ik sizze woe: in wike lyn kaam it Germanenûmer fan ensafh út, mei û.o. in tige koarte ferhaal fan myn hân, en in essay fan Piter Boersma oer Germaanske…

  • Literêre fytstocht: Elske Kampen

    Ik haw de lêste wiken by moai waar de loop nei de Griene Stjer, dêr leit de dichter him del op it gers of sân en dûkt sa no en dan yn it hearlik koele wetter en fierders lêst er boeken en harket nei muzyk. No ja, de loop: fansels fyts ik dat eintsje. Om…

  • Ferdigening fan hin + updeet

    No, ik haw efkes maild oer it opnimmen fan myn besprekken op de side fan Sirkwy, mar de redaksje fan dizze side hat noch net reagearre. It mailadres sirkwy@sirkwy.nl wurket nammers ek net. Giet lekker dêre! Profesjoneel heite! Hie my no gewoan efkes ynjochte, dan wie der neat te rêden. Op ensafh in ferdigening fan it…

  • ensafh op papier

    Ensafh nû. fjouwer, de papieren edysje, lei in deimannich lyn wer yn de bus. Dat wol sizze: allinnich foar abonnees fansels. Myn nederich *kuch* persoantsje hat ek in bydrage levere, yn de foarm fan in wiidweidich besprek fan Douwe Tamminga syn Samle Fersen. Dat, binne jo nijsgjirrich wurden? Dan gau nei de bettere boekwinkel, of…

  • ensafh 70

    Ja minsken, it sjit op! De nije digitale ensafh, nûmer 70 alwer, is út. En de kollums meie jo dochs wol pittich neame. Ik haw der ek ien skreaun. En bin ek mandielich oan It Fryske Liet, fan Duo von Däniken. Dat driget in wrâldhit te wurden. Haw fisk mei rys en slaad iten. In…

  • Surrealistyske sosaaiety

    Ik wie niiskrekt efkes by dit barren. Net ferkeard, al wie der al wat te min wyn ynkocht. Dêr stie tsjinoer dat der oaljekoeken serveard waarden, ik haw der twa hân. En trije glêzen reade wyn. Ik hie my oant no noch net sa’n soad yn it Snitser sosaaiety- en keunstlibben fan Snits fertoand, mar…

  • Pûde mei Chrome

    Ik bin wer foar de safolste kear oerstapt. Nee, net fan de SP nei de PVV, of fan anty KH2018 nei pro KH2018… Fan de blêderer Opera nei Chrome. Se hawwe beide har foar- en neidielen. It grutste foardiel fan Opera is fansels dat alles ek yn it Frysk ynsteld wurde kin, en sa’t jo witte: yn…