Tag Archives: Rys

Rienzi as lunch

Hee, dat seach ik tafallich: no snein yn it Ljouwerter Filmhûs in fertoaning fan de opera Rienzi, fan Wagner. Dêr moat ik bywêze. Mei lunch derby ek noch. En in praatsje fan Roelof Nammersma. Ik ken de bêste man net persoanlik, mar ris hearre wat er te sizzen hat. Haw griente en rys en lûmpia […]

Murdhounlûmpia

No, sa’t it no liket hawwe Elmar Kuiper en myn persoan in boekpresintaasje yn doarpshûs De Murdhoun yn Húns, ein april. Elmar presintearret dan syn nije dichtbondel Granytglimkes en ik dus Kristus Pavlov. Wy wolle der ek wat eigenmakke muzyk by útfiere, en dêr bin ik no mei dwaande. In skoft lyn dat ik oan […]

Snein fan stúdzje en skriuwen

Bin wer hielendal yn de astrology, de âldste wittenskip, sa’t jo witte. In stúdzje dêr’t jo nea op útsjoen reitsje. En it hat neat sweverichs, alteast net sa’t ik it benaderje. Ik gean hieltyd mear oer nei de klassike astrology, lykas beskreaun troch William Lilly en fierders komt ek wer de jyotish nei boppe, de […]

In sjuery sûnder kennis fan saken

Dat der wier wol nij literêr talint yn Fryslân bykomt, alle kearen wer, bewiist wol Jetze de Vries, mei syn lange fers “Swijplicht”. Dy moat mar ris wat  opstjoere, nei de literêre blêden, pardon, it iennichste literêre blêd fan Fryslân: ensafh. Nuver dat soks dan in oanfiterpriis kriget fan de Rely Sjuery en net in […]

FLST op ‘e knibbels foar de Hollanners

Op ‘e knibbels? Binne se Roomsk wurden? Dat lêste wit ik net, mar ik bedoel wat oars. It giet om dy Hollânsktalige ‘flyer’ dy’t it FLST fannemiddei as parseberjocht omstjoerd hat. Yn it Hollânsk dus, wylst it om Frysktalige boeken giet. It is ek sa slim nei te kommen, no, dat Frysk. “Deze roman is […]

Kassa foar it grêf

No, sjoch ris oan, de reaksjemooglikheid fan ensafh wurdt ek wer ris brûkt. Frijwat skokkend eins wat Josse de Haan oan ûnthullingen nei foaren bringt. Jelma Knol hie tink in goed glês wyn by it iten dronken, dy kin men al langer net serieus nimme. Yn elts gefal is it dúdlik dat, as it oan […]

Gottfried Balk

No minsken, ik haw hjoed wer in ardich eintsje fytst, en kaam û.o. troch it rustike Balk hinne peddeljen. Dêrfoar yn Sleat in bakje kofje dronken, moai stedsje oars, it heucht my net dat ik dêr earder west haw. Wat my hieltyd wer opfalt is it brek oan fytspaden yn ús Provinsje, en ek de […]

It wicht reizget troch it Fryske Blochlân

Frijwol neat te belibjen yn it Fryske Blochlân. Guon haadrolspilers hawwe har weromlutsen en de doarren tichtsmiten. Moast it fan de baas? Is it klearebare leffens? Oaren hâlde harren blochkes net mear by, of tige ûnregelmjittich. It moat alle dagen heite, as it heal kin! Oan de oare kant liket Twitter mear oanlûkingskrêft te krijen. […]

It hier fan Verhagen

Ik kin it net better formulearje: lês wat Sybren Posthumus hjiroer skriuwt. En sjoch ris nei dat hier fan Verhagen! Docht jim dat ek net earne oan tinken? Jûn yt ik fisk mei rys.

De Online drang

Ja, alwer hielendal bekommen fan it Oranje-gedoch. Lit ik der fierder mar oer swije: de Tour liket dit jier wol deeglik nijsgjirrich te wurden! Mar dat sis ik alle jierren. It sil wol wer Contador wurde. Ja, dat klipke bin ik noch mei oan ‘e gong, skave, knippe, lûd bewurkje… Minsken tink derom: Dit is […]