Tag Archives: Schnitzel

Skieppeschnitzel

Rûn fannemiddei oer it Fliet. Neist in Growshop fine jo dêr in stien ta neitins oan Piter Jelles Troelstra. Ik tink wolris, soe it de man net oangrize wat de PVDA tsjintwurdich útheeft? No ja, mar net oer polityk begjinne, liket my better. En no wolle jim fansels ek graach witte wêr’t Knilles berne is. Ja, […]

WhatSchnitzel

No, ik bin wer oerstapt nei Opera, as ynternetbrowser. Spitigernôch kin ik de side net mear yn it Frysk krije, sil ris sjen oft it dochs mooglik is. En ik brûk WhatsApp ek mar net mear, jo witte grif wol wêrom. En by sirkwy.nl miene se dat se mei stikken dy’t al folle earder op […]

Buchmesse: skriuwers witte fan neat

Wat ik no wer heard haw… It komt út tige betroubere boarne, mar dy boarne jou ik leaver net priis. Fan 9 oant 13 Oktober wurdt de Frankfurter Buchmesse hâlden. Der sille ek Fryske skriuwers hinne, sa’t jo witte. En jo witte ek dat de kar fan Alpita de Jong net by elkenien yn goede […]

ensafh op papier

Ensafh nû. fjouwer, de papieren edysje, lei in deimannich lyn wer yn de bus. Dat wol sizze: allinnich foar abonnees fansels. Myn nederich *kuch* persoantsje hat ek in bydrage levere, yn de foarm fan in wiidweidich besprek fan Douwe Tamminga syn Samle Fersen. Dat, binne jo nijsgjirrich wurden? Dan gau nei de bettere boekwinkel, of […]

Ynterne soerkoal

Jo sille wol tinke, hat dy Knilles neat mear te melden? It liket de Nachtrider wol! Is er net mear lilk op allerhanne autoriteiten? Jawis hear, noch altyd ferskriklik boas! Mar ek tige drok mei fan alles. Oer in pear dagen sjogge jo it resultaat. Bin fierders dwaande mei in stúdzje oer de Frânske dichter/skilder […]