Tag Archives: Sietse de Vries

Petear Ljouwerter Krante nei oanlieding Deenske dichtersreis

Stik yn de Ljouwerter Krante fan Sietse de Vries: https://www.e-pages.dk/lc/3298/article/874671/56/2/render/?token=cd39981f3270548ee2357ab83f2fcd4a    

Petear yn Ljouwerter Krante

In aardich petear hân mei Sietse de Vries. Ja, it kin!   Foto’s efkes oankilkke. Faaks 2 x.        

Snakkerbuorren, Iepenloftspul

Heden Hitskes, Knilles en Dinie wiene juster by it Iepenloftspul fan Snakkerbuorren. It soe earst middeis plakfine, mar, jo hiene it grif sels ek murken, it waar iggewearre wat tsjin, sadat it ferpleatst waard nei de jûntiid. Ik moat sizze, in hiel aardich stik hear. Mar de skriuwer wie ek net ien fan de minsten: […]

De fine fleur fan de Fryske Literateur

Ik hie noch wat foto’s oer fan myn reportaazje fan ôfrûne snein. It soe skande wêze om dy net efkes sjen te litten. Ik jou mar gjin kommentaar by de plaatsjes. Better fan net. Klik op de foto’s foar in grutter byld. Wy hawwe nasy iten.          

Befrijdingsfestival

Ja, sa neame se it yn Ljouwert. In soarte fan Frysk nim ik oan. Ek efkes hiel koart by Liet 2014 sjoen, mar dat waard ferpest troch it net te fernearjende gelul fan de presintator Remon de Jong. Yndied, de likepikker himsels. De man dy’t jild fertsjinnet oan it fertriet fan neibesteanden nei in persoanlik […]

Heldenepos mei ‘dt’

Lies niiskrekt it petear yn de Ljouwerter dat S. de Vries hie mei Harke Bremer en Jarich Hoekstra. De beide mannen hawwe in nij boek skreaun: Leffert. Harren foarige boek de Frouwepenje fûn ik frijwat teloarstellend. De haadpersoanen kamen net ta libben, ik seach der gjin bylden by. Yn it petear wurdt steld dat it […]

Biografy Ferd Crone, Lieder KHL2018

Pulpskriuwer lûkt de karre yn 2012

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=U041EfR_qsU[/youtube]Tresoar makket hjirby bekend dat Sietse de Vries de skriuwer is fan it kadoboek foar 2012. It kadoboek is elk jier yn de Moanne fan it Fryske boek fergees te krijen by oankeap fan € 10,00 oan Fryske boeken. De Moanne fan it Fryske boek is yn 2012 fan 14 septimber oant en mei 14 […]

‘Rêstige gedichten’ en: ensafh bestiet net

No moat it net mâlder wurde: wat in mislediging! In sekere Harry Bouhús hat it yn de Ljouwerter oer ‘rêstige gedichten’. Dat lit ik my net sizze! Yn deselde krante, fan 16-02-2011, ek in ‘Bijeengelezen’ fan de topsjoernalist Sietse de Vries. Kees ‘t Hart mient dat der noch mar ien Frysk literêr tydskrift is: de […]

Skriuwertips fan Wieke en Knilles + Updeet!

Yn dizze Moanne fan It Fryske Boek kinne jo alle dagen in soarte fan blochke fan meiwurkers fan Tresoar lêze. Diskear is Wieke de Haan oan bar, mei in stik oer de (aspirant) Fryskskriuwer. Yn dit tige *kuch* nijsgjirrige stikje gjin wurd oer it skriuwen as keunst-utering, de klam wurdt folslein lein op it boek […]