Tag Archives: Sirkwy

Nije side Sirkwy: in resinsje

It wie my ûntkommen, der binne neffens my ek gjin (parse)berjochten nei bûten brocht, mar de nije side fan Sirkwy stiet al in deimannich online. Litte wy net al te negatyf úteinsette: it sjocht der in stik fleuriger en oantrekliker út as de âlde, grize side. Jo wurde oars al wat senuweftich fan dat hinne […]

Swalk stoppet: wêr is de opfolger?

Jo hiene it berjocht grif al lêzen, it stiet û.o. hjir  Gearfetsjend: ‘Provinsje Fryslân hat hjoed bekend makke dat fan 2017 ôf de Afûk de promoasje en de ferkeap fan Fryske literatuer fersoarget. De boekepromoasje wie yn de ôfrûne jierren by Tresoar dellein, de boekeferkeap by Boeken fan Fryslân. Op fersyk fan de provinsje Fryslân […]

Sirkwy: amateuristysker kin it net!

Juster krige ik in (automatisearre) mailtsje fan Teake O., ús tige *kuch* wurdearre literatuerbefoarderer: Achte frou, hear, Jo hawwe in account op sirkwy.nl – of alteast, jo emailadres stiet yn de list fan brûkers. Mei dizze mail lit ik jo witte dat de sirkwy-site in nij cms (behearssysteem) krijt en dat it dan net langer […]

wbsite Sirkwy

Ja, dêr krije jo op it lêst ek jo nocht fan: hieltyd melde te moatten dat der in technyske steuring is op Sirkwy.nl. No komme se mei it ferhaal fan ‘Dêr moatte alle links mei de hân yn ferfongen wurde.’ Dat heart al in stik better, is’t net? Mei de hân! Lekker âlderwetsk! Ambachtlik, no! […]

Katalogus Tresoar net mear berikber

Nei it echec mei sirkwy.nl leit no ek de katalogus fan Tresoar der út. Ik woe niiskrekt efkes in boek ferlinge, mar dat kin dus net mear. Soe it komme om’t Tresoar no yn de ‘cloud’ sit? En wa begrypt eins wat hjir stiet? Efkes wat plaatsjes der by, dan snappe se it op ‘e […]

‘Technysk probleem op Sirkwy’ al sûnt 04-05-2016

Understeand berjocht is juster op sirkwy.nl pleatst. Wat der net by stiet is dat dit probleem al sûnt 04-05-2016 bestiet. Ik bin bang dat dy hiele ‘tesaurus fan sa’n 2000 auteursnammen’ ferlern gien is. Wa is dêr ferantwurdlik foar? Faaks hat de Erdogan fan de Fryske Literatuer, Teake Oppewal, op in ferkeard knopke drukt? Technysk probleem op Sirkwy […]

Koarte kursus sirkwy.nl. Dei sân fan steuring

It hat bliken dien dat net elkenien begrypt wêr’t it oer giet mei dy database fan sirkwy.nl. Ik kin my dat skoan yntinke, want de side stekt frijwat eigenaardich ynmekoar. No sa, in lytse kursus alsa. Gean nei sirkwy.nl, ús *kuch* literatuerside. Lofts boppe stiet ‘Wa’. Dêrmei wurde de Fryske skriuwers bedoeld. Ja, jo moatte […]

Skandalich: dei seis fan steuring op sirkwy.nl

Moarn sil it in wike lyn wêze dat de skriuwersdatabase fan sirkwy.nl net mear te berikken wie. En dat no’t ik dy ynformaasje nedich bin foar in stik dat ik skriuw. Wêrom krije wy net te witten wat der krekt te rêden is? Is de hiele database ferlern gien? It soe in grof skandaal wêze. Juster […]

Dei fiif: Steuring Sirkwy.nl wurdt neat oan dien

De ferantwurdliken soene dien krije moatte. No sa. Jûn tink sneks.

Dei fjouwer: skriuwerssiden sirkwy.nl noch hieltyd net te berikken

No tinke jim, Knilles hat de gek mei sirkwy.nl, mar neat is minder wier. No ja, it is mislearre as ‘literêr poadium’ en op noch wol mear fronten, mar de skriuwersdatabase is in moai ding, dêr sil ik neat fan sizze. Ik woe alsa in deimannich lyn wat ûndersyk dwaan, en dat kin no dus […]