Cornelis van der Wal

Tag: skanomodu

  • Brekkend: Fúzje Skanomodu en Fers2

    It folgjende nijs krige ik justernacht fan in ynformant dy’t anonym bliuwe wol: ‘Nei petearen tusken de redaksjes fan digitaal literêr tydskift Fers2 (Abe de Vries en Friduwih Riemersma) en it ‘ynternettydskrift troch en foar jonge Friezen’ Skanomodu (Meindert Reitsma, Nienke Jet de Vries en Jan Ybema) is besletten de lapen gear te smiten. De nije…

  • Arrogant studintsje

    Foto efkes oanklikke ‘As skriuwtaal soe it Frysk ferdwine.’ LC-redakteur Asing Walthaus sitearret de *kuch* wittenskipper Han van de Velde. Dêr binne hielendal gjin arguminten foar, dat it Frysk net mear skreaun wurdt of wurde sil. My falt fierders de grutte arrogânsje fan de hear Jan Ybema op. Gjin Fryske romans lêze, om’t se net…

  • Marzjinale Fryske tydskriften

    Heden, alwer in nije fers2! Wy wurde mar ferwend, no. Wêr hawwe wy it oan fertsjinne? Lykas altyd skriuwe de twa redakteuren it digitale, marzjinale bledsje wer fol… Abe de Vries levere in ûnlêsber stik oer Jan Wybenga. Besykje dochs wat helderder te skriuwen Abe! En de beide redakteuren skreaven in hast like ûnlêsber stik…

  • Grut Nijs: Gjin Nijs!

    De swier subsidiearre side Sirkwy.nl makket der, pardon my french,  in soadsje fan. De Aginda, sorry Agenda wurdt al in pear wiken net mear byhâlden. En by Skanomodu fine se it net nedich te reagearjen op in hiele fatsoenlike fraach… Ik hoopje dat der in soad snie falle sil. Jûn pasta.

  • It Mienisme bestiet net!

    It wie te ferwachtsjen: de ‘Mienisten’ fan Skanomodu sitte mei de mûle fol tosken, en witte net hoe’t se reagearje moatte op myn opmerking oer harren ‘nije beweging’. De konklúzje moat wêze: it Mienisme bestiet hielendal net. Der is gjin sprake fan in beweging. Reitsma hat it allegear optocht, mar kriget alhiel gjin meistanners. Jûn…

  • reaksje op Skanomodu

    Dit skreau ik as reaksje op in stik fan Meindert Reitsma op Skanomodu. Benijd nei it antwurd! Fan de redaksje: de takomst fan Skanomodu 2 reaksjes op “Reaksje op krityk” Pingback: Reaksje Meindert Reitsma op Skanomodu-stik Pier Boorsma | ensafh Cornelis van der Wal 8 jannewaris 2016 om 19:35 Reitsma hat it oer ‘in nije…

  • Flau Mienisme

    Nee minsken, noch hieltyd gjin agindapunten -pardon-  ‘agendapunten’ by Sirkwy.nl. Faaks kinne se dêr troch de glêdens net by de kompûter komme. En dêr betelje wy belesting foar! Skamje jim in bytsje boel! Wa’t him ek skamje moat, dat is de redaksje fan Skanomodu. Hja neame û.o. myn reaksjes op it Mienisme ‘flauwe stikjes‘. Wat…

  • Y-Skrift: Resquat in pace

    Ja, it hie sa moai wêze kind, it Y-Skrift fan Skanomodu. It sil lykwols net sa lang mear duorje en dan is it oer, en wurdt de side offline helle. Ik lies ôfrûne nacht Meindert Reitsma syn ‘essay’ ‘Skanomodu: in nije ympuls yn Fryslân, de opkomst fan in nije generaasje jonge Friezen.’  Pier Boorsma hat…

  • Skilderij fan kopij

    Hmm… Se hawwe hjoed in skilderijke op Skanomodu setten. Noch altyd gjin kopij binne krigen blykber…   Wy hawwe Bamy iten

  • Krisis by Skanomodu?

    Lit ik begjinne mei de konstatearring dat ik it Y-Skrift fan Skanomodu in waarm hert tadraach. Nee, dat Mienisme fyn ik hielendal neat, bûltsjeblazend suertsjepraat, mar fierders steane der geregeld tige nijsgjirrige bydragen yn dit digitale tydskrift. Of moat ik stiene sizze? Ommers, de lêste bydrage is fan 25-09-15… It is no 29-09-15. Der wurde…