Ja minsken, it sjit op! De nije digitale ensafh, nûmer 70 alwer, is út. En de kollums meie jo dochs wol pittich neame. Ik haw der ek ien skreaun. En bin ek mandielich oan It Fryske Liet, fan Duo von Däniken. Dat driget in wrâldhit te wurden. Haw fisk mei rys en slaad iten. In [...]
As ik nei bûten sjoch, dan sjoch ik Yndianen, Oktopussen, Heksen! En nee, it is gjin delirium, mar de Kermis. Neist de doar. Oan de iene kant tige gesellich, mar dy k*tmuzyk… No ja, it begjint freed pas. Bin alwer mei in Rimbaud-boek dwaande, ek fanwege de research. Dit is em. Net ûnaardich. Fierders kin [...]
Earder hjir al te finen as foardracht, mar no ek as tekst. Op sirkwy.nl. Kont op in wolk. Klik hjirre. Sil jûn hin mei krieltsjes en slaad ite. Nee, forearst gjin wyn mear by it iten. Wetter dus.
Efkes wat nostalgy, leave berntsjes! Oernaam fan it al earder neamde iP2r90 ‘ Rendez-Vous’, út 1993. Doe krige ik de Fedde Schurerpriis. 2/3 fan de sjuery is al stoarn… En ekskús foar dy trui… En wat wie dat in moai feest by Jikke Ozinga! Jo soene hast sizze, sokke feesten binne der tsjintwurdich net mear. [...]
Bêste freonen. Ik tocht hjoed wer ris oan it fenomeen tafal. Dat wol sizze, is it wol in fenomeen, wannear’t it eins net bestiet? Sa’t jo faaks witte bin ik in soad dwaande mei de stúdzje fan de astrology. Dat tafal, ik leau der net mear yn. Ja mefrou, it hielal sit ferhipte yngewikkeld ynelkoar. [...]
Ut tige betroubere boarne hearde ik dat de moasjes fan it Skriuwersboun (sjoch juster) net yn stimming brocht binne, der is allinnich meidield dat de oprop fan it Boun ûntfongen is en dat se it trochstjoerd hawwe. Faaks hellet dat krantestik wat út. Foar de goede oarder: ik stean yn dit stik fan saken hielendal [...]
No minsken, moarn is jo favorite dichter te beharkjen by Omnium, Omrop Fryslân. It petear giet oer myn boekekast(en). Ik nim it ek wol efkes op, en set it earne del. Dochs moai fan de Omrop. En dan mar hoopje dat Karen Bies moarn myn namme goed útsprekt. It is van der Wal, en net [...]
Op ‘e knibbels? Binne se Roomsk wurden? Dat lêste wit ik net, mar ik bedoel wat oars. It giet om dy Hollânsktalige ‘flyer’ dy’t it FLST fannemiddei as parseberjocht omstjoerd hat. Yn it Hollânsk dus, wylst it om Frysktalige boeken giet. It is ek sa slim nei te kommen, no, dat Frysk. “Deze roman is [...]