Tag Archives: slaad

Pasta is tafal

Bêste freonen. Ik tocht hjoed wer ris oan it fenomeen tafal. Dat wol sizze, is it wol in fenomeen, wannear’t it eins net bestiet? Sa’t jo faaks witte bin ik in soad dwaande mei de stúdzje fan de astrology. Dat tafal, ik leau der net mear yn. Ja mefrou, it hielal sit ferhipte yngewikkeld ynelkoar. […]

Aai mei tomaat

Ut tige betroubere boarne hearde ik dat de moasjes fan it Skriuwersboun (sjoch juster) net yn stimming brocht binne, der is allinnich meidield dat de oprop fan it Boun ûntfongen is en dat se it trochstjoerd hawwe. Faaks hellet dat krantestik wat út. Foar de goede oarder: ik stean yn dit stik fan saken hielendal […]

Petear mei Boekekast

No minsken, moarn is jo favorite dichter te beharkjen by Omnium, Omrop Fryslân. It petear giet oer myn boekekast(en). Ik nim it ek wol efkes op, en set it earne del. Dochs moai fan de Omrop. En dan mar hoopje dat Karen Bies moarn myn namme goed útsprekt. It is van der Wal, en net […]

FLST op ‘e knibbels foar de Hollanners

Op ‘e knibbels? Binne se Roomsk wurden? Dat lêste wit ik net, mar ik bedoel wat oars. It giet om dy Hollânsktalige ‘flyer’ dy’t it FLST fannemiddei as parseberjocht omstjoerd hat. Yn it Hollânsk dus, wylst it om Frysktalige boeken giet. It is ek sa slim nei te kommen, no, dat Frysk. “Deze roman is […]