Tag Archives: snekber

Skandalich: dei seis fan steuring op sirkwy.nl

Moarn sil it in wike lyn wêze dat de skriuwersdatabase fan sirkwy.nl net mear te berikken wie. En dat no’t ik dy ynformaasje nedich bin foar in stik dat ik skriuw. Wêrom krije wy net te witten wat der krekt te rêden is? Is de hiele database ferlern gien? It soe in grof skandaal wêze. Juster […]

Wolf yn harnas

Letter dit jier sil myn nije dichtbondel by Utjouwerij Hispel ferskine. De titel is Wolf yn harnas. Der sil grif in presintaasje komme, ik hâld jo op ‘e hichte. Under dizze link, by ensafh.nl, fine jo alfêst in priuwke. Wy ite jûn by de snekber, Frysk foar snackbar.