Tag Archives: Sneks

Tsjêbbe as heit

Niiskrekt haw ik de film ‘Heit’ fan Piter Hettinga sjoen. Dy heit, dat is Tsjêbbe Hettinga. Jim witte faaks hoe’t ik oer Tsjêbbe syn foardracht tink en tocht. Ik koe en kin der mar min oer. It sizzen is: oer de deaden neat as goeds. Dêr hâldt Piter H. him net oan, jo krije net […]

Skandalich: dei seis fan steuring op sirkwy.nl

Moarn sil it in wike lyn wêze dat de skriuwersdatabase fan sirkwy.nl net mear te berikken wie. En dat no’t ik dy ynformaasje nedich bin foar in stik dat ik skriuw. Wêrom krije wy net te witten wat der krekt te rêden is? Is de hiele database ferlern gien? It soe in grof skandaal wêze. Juster […]

Dei fiif: Steuring Sirkwy.nl wurdt neat oan dien

De ferantwurdliken soene dien krije moatte. No sa. Jûn tink sneks.

Tresoar slikket de skuon fan Dijsselbloem

Swalk, en dat is dus Tresoar, hat dit jier as Kadoboek in oersetting fan in Bommelboek. Dêr haw ik al earder wat oer skreaun, lês mar. It komt der op del dat ik it mar nuver fyn dat der gjin oarspronklik Frysk literêr wurk útkeazen is. Of wiene de Fryske skriuwers op? Alle respekt foar […]

Aaifoon fretten

Ha goeie. Ik bin wat oan it downgraden wat telefoan en tekstferwurking oanbelanget! Fûn op it geweldige Vetusware.com in wp5.1. dy’t it ek treflik docht op myn âlde Toshiba T 1910. En ik haw in Windows-foon kocht ynstee fan myn Aaifoon. Hat it measte mei it batterijgebrûk te krijen. Yn de telefoanwrâld is Windows op […]

Mei dizze persoan dogge Abe en Teake saken

Hoi jonges en famkes, ik bin wat griperich, dêrom net sa aktyf hjirre. Komt hielendal goed. Ik woe jim nochris wize op de persoan Chr. B, dy’t ik yn it ferline as freon beskôge. Lykwols, sûnt er gjin stânpunt ynnimme woe wat de email-affêre fan Abe de V. oanbelange, binne de ferhâldingen minder wurden. En […]

It Swijen fan HotSum

By HotSum is it stil. Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries: se swije. Hoe sit it begelyks mei de troch De Vries oankundige essaybondel? Giet dat noch troch neidat de Provinsje de subsydzje foar in earder essay-projekt ynlutsen hat? ‘Om 15 novimber hinne ferskynt by útjouwerij De Contrabas yn Utert […]