Tag Archives: Teake Oppewal

Snakkerbuorren, Iepenloftspul

Heden Hitskes, Knilles en Dinie wiene juster by it Iepenloftspul fan Snakkerbuorren. It soe earst middeis plakfine, mar, jo hiene it grif sels ek murken, it waar iggewearre wat tsjin, sadat it ferpleatst waard nei de jûntiid. Ik moat sizze, in hiel aardich stik hear. Mar de skriuwer wie ek net ien fan de minsten: […]

Abe brekt mei Breukers

No, is dat net in moaie kop? Ik haw it út tige betroubere boarne: Abe de Vries wol net langer gearwurkje mei Chrétien Breukers. It ynsjoch komt in bytsje let, mar dat binne wy wend by Abe. Ein ferline jier ferskynde der noch in samling essays fan De Vries by Breukers syn útjouwerij De Contrabas. […]

Teake de ‘literatuerkenner’ wer yn opspraak

Ha goeie. It is wer safier: de ‘literatuerbefoarderer’ is wer yn opspraak. Sa’t Jelle Breuker by Huub Mous skriuwt: ‘Josse (de Haan cvdw) syn opmerking dat literêre kommisjes en Trésoar de oersetting opkeare woene is te koart om ‘e hoeke. Guon leden fan in kommisje woene dat net, en ien manljuspersoan by Trésoar. Ut oergeunst […]

Literatuerbefoarderer Oppewal swijt oer misstannen by de Contrabas + Updeet

Ja, ik bliuw der oer trochgean oant dat der antwurden komme. By de presintaasje fan de nijste útjeften fan HotSum/de Contrabas hâlde de baas fan de Fryske skriuwers, te witten Teake Oppewal, literatuerbefoarderer te Ljouwert, in praatsje. Oer de útjefte ‘Alde meuk?’ sei er ûnder oaren it folgjende: Dêrom binne wy fan it sirkwy sympoasium […]

Subsydzje Provinsje Fryslân foar de Contrabas/HotSum ynlutsen

Nei oanlieding fan in WOB-fersyk fan Bart FM Droog is dúdlik wurden dat de Provinsjale subsydzje foar de essaybondel Alde Meuk? ynlutsen is. De útjouwer moat in foarskot fan  € 2250,- werombetelje.  Undúdlik is hoe’t de distribúsje fan Alde Meuk no fierder ferinne sil. Fierdere fragen binne: Is de printer wol betelle en hoe heech is de […]

Bearput Contrabas, it ferfolch

Ja, sucht… It is noch folle slimmer as tocht, en der komt noch mear… Klik hjir mar efkes foar in nije ôflevering fan de bearput Contrabas. Wat seine Abe de Vries en Teake Oppewal oer harren gearwurking mei de Contrabas en de warskôgingen dy’t Bart Droog en ik útgean litten hawwe?   Abe: ‘haat- en […]

Teake Tough en Abe Hot + Updeet

In berjocht op Facebook: de Contrabas stiet net langer ynskreaun by de KvK. En freed waard bekind dat de útjouwer, Chr. Breukers, net mear yn it Basis Registratie Personen register stiet. Soks betsjut dat de útjouwerij de Contrabas aanst ek net mear bestiet. Fan Buro ISBN: Friduwih Riemersma; Tryntsje van der Steege; Eric Hoekstra. Alde meuk? Essays oer […]

Hot Fuort! + Updeet

No’t wy it dochs oer boekpresintaasjes hawwe: HotSum lansearre justerjûn in trijetal essays en in dichtbondel. Chrétien Breukers soe ek in taspraak jaan, mar neffens my wie er der net by. Of al? Kom der mar yn Abe! Teake Oppewal, fan Tresoar, is ek warskôge foar de praktiken fan de Contrabas, mar de reaksje wie: […]

Teake Oppewal mei pinsjoen!

RAM patat

No seach ik in nijsgjirrige fakatuere op de side fan Tresoar… Mar ik sil der mar net op skriuwe, it soe in bytsje nuver wêze. Ommers, ik haw in soad krityk op benammen de literatuerbefoarderer hân, dat om no mei dizze persoan gear te wurkjen… Want dêr sil it yn ‘e praktyk wol op delkomme, […]