Tag Archives: Teake Oppewal

De fine fleur fan de Fryske Literateur

Ik hie noch wat foto’s oer fan myn reportaazje fan ôfrûne snein. It soe skande wêze om dy net efkes sjen te litten. Ik jou mar gjin kommentaar by de plaatsjes. Better fan net. Klik op de foto’s foar in grutter byld. Wy hawwe nasy iten.          

Tresoar en NHL: boycott Kening Kees

No, dat liket mar moai, 32 Fryske boeken op Lezen voor de Lijst. De fraach is fansels: hokker boeken hawwe de hearen/dames útsocht? Kening Kees stiet der fansels net by, dat is in anty-autoritêr boek, en dat kinne wy de skoalberntsjes net oandwaan. Bin alsa tige benijd nei de list fan titels. Hawwe Baas Teake […]

Poëzij? Watsda?

Jawis, ik wie der, by de Alde Meuk. In rotnamme, dat wol, mar fierders haw ik my wol fermakke. De wyn nei ôfrin wie net sa min, en de lêzingen koene der skoan mei troch. Eigenaardich dat it taalburo Bersa Tekstwurk, it buro dat jin deasmyt mei reklame yn de meelboks, dat dit Taalburo fan de […]

Drollen op de Boekemerk

Dit berjocht stie yn de Ljouwerter fan hjoed: … Hoe de Friese literatuur over twee en een half jaar vertegenwoordigd zal zijn, is niet te zeggen, maar dat het gebeurt, is wel zeker. Er bestaan afspraken voor vier jaar met het Ne- derlands Letterenfonds over de serie ‘10 books from Holland’. In 2013 was er […]

sirkwy.nl folslein mislearre

‘Sa’t yn augustus ferline jier fernijd waard, rjochtet de redaksje fan Sirkwy him by it ynfieren fan de boektitels earst op oarspronklik Frysk literêr proaza foar lêzers fan 12 jier en âlder – net omdat oarsoartich wurk gjin belang hat, mar omdat je in grutte lape wurk yn ôfbeakene stikken ôfwurkje moatte.’ Dat skriuwt de […]

Abe draait troch! + updeet

    Tsjongejonge, wat in nivo! Ja, Abe nimt it fansels foar Teake O. op, om’t ‘Ús Koördinator‘. him allerhanne lukrative opdrachten taskikt. En dan wol ús Abe wol slikje en slymje, as it mar betellet. Lykwols: Abe giet te fier. Hy seit dat ik 1 meter 50 bin. Dêrmei komt er my freeslik op […]

ús koördinator

‘De geast fan literatuerbefoardering: Oan de rekstôk fan wat de Fr. Lit. hjit te wêzen swaait ús koördinator feilich deselde rûntsjes, yn bywêzichhyd fan klappende rûntsjes dêr’t er him gjin bult oan falle kin, ek omdat er mei har maklik skoare kin, wat fansels ek wer in bult seit oer it ferskynsel fan de hantsjeklappers sels…’ Ja, […]

Ferstikkende ynfloed

Der is wer reboelje om Teake Oppewal cs. hinne. Earder al hat de man him op skandalige wize útlitten oer Gysbert-winner Josse de Haan. Ik begryp wier net dat de man noch yn funksje is. Ik haw myn poarsje ek wol krigen. Jierrenlange tsjinwurking, misledigingen ensafh. Mar by Tresoar fine se dat allegear hiel normaal. […]

In grutte bek

It soe moai wêze as de Literatuerbefoarderer ris reagearje soe op it folgjende sitaat, dat no ek online stiet. Oan it wurd is Josse de Haan: “De skriuwer fan dit stik wurdt yn De Moanne fan novimber ’11 troch de yn 1993 Provinsjaal oanstelde literatuerbefoarderer – T. Oppewal – omskreaun as ‘immen dy’t him mei […]

Oppewal skoffearret winner Gysbert Japicx-priis

Ik hie de nije edysje fan de Moanne al in pear dagen yn ‘e hûs foardat ik takaam oan it artikel fan Huub Mous, oer Leafdedea, fan Baron Sixma van Heemstra. It is in nijsgjirrich stik wurden, û.o. oer de ferskate ferzjes en edysjes fan dit boek. Josse de Haan hat krityk op ien fan […]