Tag Archives: Tresoar

De wraak fan Tresoar

Ik haw der lang oer twifele oft ik dit blochke wol pleatse soe. Dan krije jo wer dat geëamel fan dy Knilles fielt him miskend. No, dat falt wol wat ta, mar ik wurd wol tsjinwurke, benammen troch de lju fan Tresoar. En dan bedoel ik net it tsjinstferlienend personiel, dat binne poerbêste minsken, mar benammen […]

Diskette iten

No minsken, myn nije bondel is de doar út. Nee, net mei de diskette ferstjoerd hear… Ik neam noch mar efkes gjin titel… Dat betsjut oars net dat ik neat mear te dwaan haw…De literatuer hâldt gjin skoft, no. Jo hawwe fansels al myn wurk yn ‘e hûs… Sa net: hjir kinne jo myn twadde […]

Melklokaal opwaarme

Justermiddei wiene wy by de iepening fan Anne Feddema syn útstalling, yn it Melklokaal yn it Hearrenfean. It wie tige drok! Hjoed waard skriuwend Fryslân ferrast troch dit berjocht. ‘Tresoar siket Fryske skriuwers foar Europeesk útwikselingsprojekt.’ In net ûnaardich projekt, moat ik sizze. Mar ik doch net mei. It duorret foar my oan ‘e iene […]

Algemiene artsy-fartsy

Hjoed wie ik foar in koart ûndersyk wer ris yn Tresoar, dêr’t as it goed is ek noch it FLMD sitte moat, mar ik kin it net fine… Lykas earder sein fyn ik de nije wurkplakken boppe tige slagge, der hearsket in rêstige sfear, folle better as yn it Stadsstudiecentrum yn de iepenbiere Byb. Dêr […]

Problemen Byb Tresoar Oplost

Dat mei fansels ek wolris sein wurde: de problemen dy’t Chrome en Firefox hiene mei de online katalogus fan de Tresoar-byb binne oplost. Moai.

Minne berikberens Tresoar-byb

En der wurdt neat oan dien… En der wurdt gjin antwurd jûn… Understeande mail skreau ik op 19-10-15 oan it mailadres fan Tresoar. Der kaam noch gjin antwurd… En de situaasje is noch itselde… Bêste minsken, as ik mei Chrome op jim side kom, en myn ‘lenersgegevens’ ynsjen wol, dan krij ik: Server has a […]

Tresoar slikket de skuon fan Dijsselbloem

Swalk, en dat is dus Tresoar, hat dit jier as Kadoboek in oersetting fan in Bommelboek. Dêr haw ik al earder wat oer skreaun, lês mar. It komt der op del dat ik it mar nuver fyn dat der gjin oarspronklik Frysk literêr wurk útkeazen is. Of wiene de Fryske skriuwers op? Alle respekt foar […]

Geheime nassy

Hjoed de tried wer oppakt wat in Geheim Literêr Projekt oanbelanget. Dêrfoar moast ik nei Tresoar ta, en dat sil foarearst ek net de lêste kear wêze. Ik hie in skrift by my om oantekenings te meitsjen, mar bin blykber it mei de hân skriuwen ferleard. It wie in frijwat krampeftige bedoening. Moarn mar in […]

Bommel Bamy

Faaks hawwe jim it al lêzen: it Kadoboek fan Tresoar sil dit jier in oersetting wêze fan Marten Toonder syn ‘De Vergelder’. No bin ik persoanlik wol in leafhawwer fan Toonder syn wurk. Mar wie der dan gjin oarspronklik Frysk skriuwer te finen? It tsjûget fan grutte earmoed fan geast en fan lytsachting foar de Fryske […]

Ieuw wiuw wei!

No, lit ik ris wat posityfs skriuwe oer Tresoar! Ik wie dêr ôfrûne freed foar nije boeken, en seach ek foar it earst it risseltaat fan de ferbouwing. In hiel tal wurkplakken derby op de boppeseal, it sjocht der hiel moai út. My tinkt, dat Knilles dêr wol gauris sitte sil, want ik bin dwaande […]