Tag Archives: twicht

It riedsel fan de tweetstriid

In tweet fan John Bosma die my klikken op de side fan de Moanne fan it Fryske Boek. Der is wer in twittergedichtewedstriid meikoarten! Is’t net prachtich. Diskear wol ik him winne, en de kânsen binne dit jier grutter, want de Hollanners meie net mear meidwaan. Mar yndied, al wat nuver net? It giet oer […]

Al wer in foarsizzing goed

Sei ik it juster net? De sjuery fan de #twicht wedstryd hat in Hollânsktalich gedicht útsocht, fan toenwasradio. No, fan herte lokwinske! Dochs spitich dat de sjuery myn oangripende: O Tresoar jou my dy spjelde ik sjong fan bosk en fjilden allinnch mar om mei dat ding te stekken yn de kontsjes fan ús Fryske […]

Priis fan 75 Kilo

No, dat duorret oars mar lang, de bekindmakking fan de #twicht-priis… Tink net dat ik yn de beneaming kom, it hat de sjuery grif wat te dreech west, myn bydragen. Ik foarsis dat der in Hollânsktalige bydrage útsocht is… Mar hoopje dat ik ûngelyk krije sil. Wat my oars ek wol handich liket: in koördinator […]

Twicht fan Knilles op de Omrop

Mei tank oan John Bosma foar de tip: Klik hjir foar Omnium, en dan harkje op minuut 47:55. No, en Karen Bies fynt it ek noch in moai gedicht, heden heden, wat wol in minsk noch mear.

Minder Dwers? + updeet

No, dat is moai, dat Knilles sa’n ynfloed op de media hat.  Dat is net allinnich moai, mar ek terjochte. Wêr haw ik it yn ‘e goedichheid oer? No, en de tsjetterders dy’t my folgje, op Twitter dus, dy wisten it al: it nuvere berjocht dat juster op de side fan Omrop Fryslân stie, mei […]

It wicht reizget troch it Fryske Blochlân

Frijwol neat te belibjen yn it Fryske Blochlân. Guon haadrolspilers hawwe har weromlutsen en de doarren tichtsmiten. Moast it fan de baas? Is it klearebare leffens? Oaren hâlde harren blochkes net mear by, of tige ûnregelmjittich. It moat alle dagen heite, as it heal kin! Oan de oare kant liket Twitter mear oanlûkingskrêft te krijen. […]