Monthly Archives april 2010

Besprek de Moanne, nû 3, jiergong 9 (ferfolch)

Hoi leave berntsjes! Meie jim noch efkes opbliuwe? Dan moatte jim heity of memmy mar efkes freegje oft jim de Moanne noch efkes lêze meie. Sis mar dat Omke Knilles it sein hat. Omke Knilles wie in bytsje lilk en mislik wurden om’t Elske, de boaze styfhekse, hiele stoute dingen skreaun hie oer Omke Durk. […]

Swarte resinsjes

Drok dwaande west mei resinsjeskriuwen en nachts hast altyd mei eigen, nije poëzij oan ‘e slach. En der stiet ek al wer in pear dagen in nije ensafh online! Ik bestudearje op dit stuit de persoan en poëzij fan Stefan George, in hiel… apart persoan, meie jo dochs wol sizze. En fierders… haw ik in […]

My Bloody Valentine: To Here Knows When

Ha goeie, dat besprek fan de rest fan de Moanne komt letter. Ik haw der efkes gjin nocht oan. Ynstee dêrfan moaie muzyk: [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=3DEnwUAzPG4[/youtube]

Go-Gol út ‘e loft.

It literêr tydskrift Go-Gol is út ‘e loft helle. No kin it fansels sa wêze dat de webmaster(esse) mei reparaasjes of updates dwaande is, mar opmerklik is yn elts gefal dat ek de link dy’t by dizze blog heard net mear wurket. Ris sjen oft Google noch wat yn ‘e cache sitten hat… Nee, en […]

Besprek de Moanne, nû 3, jiergong 9 + Updeet!

Ja, dêr wie der al, it besprek dêr’t literêr Fryslân op siet te wachtsjen. Wat fierders ek myn krityk op dit nije nûmer is: it omslach, mei de foto fan J.Q. Smink makket in soad goed. In 8.7. Ik fyn him yn ‘e fierte altyd wat op Job Cohen lykjen. It nije nûmer set wer […]

Besprek de Moanne útsteld!

Fanwegen it moaie waar en loaiens. Haw myn nije kamera (fan de Wehkamp, dat hast fergees) efkes oan it testen west. Dat komt hielendal goed. Sil brune beanesop opwaarmje.

seane moanne

Moarn wer in ûnmeilydsum besprek fan it nijste nûmer fan De Moanne. Soe de redaksje fannacht wol lekker koese kinne? Haw de ynrjochting fan it hûs wer ris wat feroare. Is better sa. Sil rjappels mit Schnitzel en reade koal ite. Sels sean. Gleske wite wyn der by. Filmke. Richard Strauss, Abendrot, út de vier […]

Horror Makriel

No, dat is moai: Elmar Kuiper is nominearre foar de Cees Buddingh Priis. Jo witte wol, fan it potsje Marmite. Wurdt dat guod noch wolris iten? Ik mei it net alteast. Kuiper wie alris earder nominearre, foar de Fedde Schurer Priis, mar dat slagge doe net. Nee, eangje mar net, Fryske kollega Skriuwers, Knilles hat […]

Nije poëzij op Omrop Knilles

Nij gedicht, krekt ferskynd yn nû. 2 fan ensafh, de papieren edysje. No op Omrop Knilles

knipp’n yn ‘e slafink

Ja, ik wie hielendal frijwillich by de presintaasje fan sirkwy.nl, juster yn Liwwadden. Sa likernôch in oerke foardat ik mei de trein fuortgie stie de side al online. Der kamen daliks frijwat negative reaksjes fia de Twitter, benammen oer de kleuren fan Sirkwy. Dêr moat ik it mei iens wêze. De fergrizing slacht net allinnich […]