Monthly Archives juny 2010

Mahler – Das Lied von der Erde – Der Abschied

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=gAzkfZJzrN4&feature=related[/youtube]

Wyn gûlt yn de prosessor

No, dat is ek wat, de Moanne hat in ferkearde ferzje pleatst fan Jan Folkerts syn artikel oer Jorwert. Eksuses binne al oanbean. Lykwols net sa snoad fan de redaksje. Ik krige it berjocht dat Go-Gol wer online stean soe. Dat wy dat noch meimeitsje meie! Mar, by my wurket it net. Soene se de […]

It Kulturele Tydskrift

Heden, alwer in nije Moanne yn ‘e bus. En ik hie de foarige mar foar in part besprutsen. No ja, it gie foar it grutste part oer WO II, in ûnderwerp dat no mar ris ôfsletten wurde moat. Of sis ik wer wat ferkeards? Dat moat dan mar. Efkes gau troch it Kulturele Tydskrift blêdzje. […]

Duo is de rêding

No, de plannen foar de Moanne fan it Fryske Boek binne ek bekind. Jo seine? Nee, Knilles is net útnoege, mar dat kin noch komme, al betwifelje ik dat. Se hawwe fansels leaver in stikmannich kreaze jonge fammen of kante jonge feinten dy’t yn ‘e mikrofoans flybje. Dus,  dit moat de Fryske Literatuer rêde. Lit […]

gjin nammen

No, myn fertrouwen yn it minskdom is der hjoed net grutter op wurden. Mar lit ik mar gjin nammen neame… It binne gjin ynternetpublisisten, yn elts gefal. Fierders alles ynoarder hear, en ik haw gjin skea oprûn. Haw in nij skriuwherntsje ynrjochte. Neffens de Feng Shui is it it bêste om hoekjes rûn te meitsjen. […]

Gjin Buddingh foar Elmar

Spitich! Mar Elmar Kuiper hat de Buddingh’-priis net wûn, it is Delphine Lecompte wurden. Lokwinsken! Der stiet in hiel nijsgjirrich stikje op Henk van der Veer syn side, mei ûnder oaren in reaksje fan Kuiper op it besprek dat er krige yn it Friesch Dagblad. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=HYZDSb68LmI[/youtube]

100 gûne foar in fiskje

Jawis, ik sjoch it fuotbaljen ek, mar oant no ta lang net alle wedstriden, dy fan Oranje fansels al. Bin oars noch net sa bot yn ‘e stimming. Al wer oan it skriuwen, resinsjewurk ek wer oppakt. Dichtsjen giet hiel treflik, meikoarten wurdt der wer wat publisearre. Ek Jelle van der Meulen fynt it skande […]

Thomas Lovell Beddoes

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=ZnrrIlU_xbI[/youtube] Heres a virtual movie the English Victorian Gothic poet Thomas Lovell Beddoes reading his exquisitely eerie poem “Dream-Pedlary” First published in: 1851. The poem is read definitively by poet and publisher Alan Halsey. The excellent Thomas Lovell Beddoes society “Phantom Wooer” Website can be found at this link……………. http://www.phantomwooer.org/ Thomas Lovell Beddoes (July 20, […]

Kenstou skenne sken dan met

Elkenien is tsjintwurdich mar oan it skennen, no, dan ik ek mar. Ik haw der noch gjin ien oer heard op it net, wat dat oanbelanget soe in weromkear fan Abe de Vries as blogger net ferkeard wêze. Abe! It Fryske folk ropt jo! Ut de LC fan 11-06-2010 Jim witte dat de Alpe D’Huez […]

Oer ús en sûnder ús

Sitaat, oernommen fan it webloch fan Sybren Posthumus: ‘De Twadde keamerferkiezings lizze al wer in pear dagen achter ús. De útslach is bekend. Op de webside fan it NRC is dúdlik te sjen hoe grut de ferdieldheid is.  Ast dat besjochst kinst wol konstatearje dat wy net by it VVD-stimmende westen hearre en al hielendal net […]