Monthly Archives septimber 2010

Petear Van der Ploeg online

Net faak hat in petear mei in Frysk skriuwer safolle reboelje opsmiten. Tink ik, want ik haw ek net alles lêzen. It like my dan wol in goed idee en set it efkes online, mar hoopje dat de LC net lilk wurdt. Mar dat wiene se dochs al. It is net hielendal perfekt skend, mar […]

Provinsje wol ôf fan de Fryske Literatuer

Ik hie it der ferline wike al oer, en it is no ek ta de skreaune parse trochdrongen: de Provinsje wol dus definityf ôf fan kwaliteitsliteratuer, skreaun yn de Fryske taal. Noch efkes, dan wurdt Frysk skriuwen ferbean. Lit ik foarearst mar efkes stopje foar hjoed, oars ûntplof ik. Lês en rydboskje wat it Frysk […]

Skriuwertips fan Wieke en Knilles + Updeet!

Yn dizze Moanne fan It Fryske Boek kinne jo alle dagen in soarte fan blochke fan meiwurkers fan Tresoar lêze. Diskear is Wieke de Haan oan bar, mei in stik oer de (aspirant) Fryskskriuwer. Yn dit tige *kuch* nijsgjirrige stikje gjin wurd oer it skriuwen as keunst-utering, de klam wurdt folslein lein op it boek […]

Petear Boekekast Online

Ha goeie, ik haw it petear fan fannemoarn online setten, it is hjir te finen! Jûn hin yn reade wyn mei patat.

Petear mei Boekekast

No minsken, moarn is jo favorite dichter te beharkjen by Omnium, Omrop Fryslân. It petear giet oer myn boekekast(en). Ik nim it ek wol efkes op, en set it earne del. Dochs moai fan de Omrop. En dan mar hoopje dat Karen Bies moarn myn namme goed útsprekt. It is van der Wal, en net […]

Kaspar Hauser Suite op Omrop Knilles

Live yn Tresoar op 11-09-2010. Anne Feddema en Martin Beekman. Op Guitaar. Nei oanlieding fan de Gysbert Japixpriis 2009. Hjir klikke!

Dûbelportret

Portret Anne Feddema en sa

Ja goeie minsken, hjir is Knilles wer. Juster gjin blochke, fanwegen horeka ferpichtings. Moarn tink  (ik moat it noch montearje) de opname fan Feddema syn Kaspar Hauser Suite. Ik set it op You Tube. As Omrop Knilles it goedfynt alteast. Ja, juster wie dus de ûntbleating fan Anne syn selsportret nei oanlieding fan de Gysbert […]

Ekonomyske ramp

No, as it in bytsje meisit, dan stjoer ik hjoed, of oars moarn myn nije bondel op. Dan bin’k der mar ôf. En dan mar ôfwachtsje! It wurdt in útjouwer (yn de Fryske situaasje alteast) hast ûnmooglik makke om in dichtbondel út te jaan. De subsydzjekraan wurdt stadichoan tichtdraaid. En komt der gjin subsydzje, om’t […]

Omrop Bamy

It is in merakel: de Omrop kaam fannemiddei by my del. Lês myn getsjetter foar mear ynfo. Letter mear nijs. Dus. Sil aanst nei de Sinees. Kâns is 93,04 % dat it Bamy wurdt.