Monthly Archives oktober 2010

Besprek de Moanne, Jiergong 9, nû. 7 Mei Rapportsifers.

Ja, gau foardat der wer in nij nûmer is. En tink derom, frou Digi Beetstra: op de linken klikke hin, dit is ynternet witte jo wol. Jaap Louwes stiet mei syn troanje op de foarside. Net echt trochlibbe, dy kop. Hy moat wat mear drinke, of oan de oare drugs gean. Dat soe syn sloppe […]

Redaksjelid

Sûnt juster bin ik, neist webmaster, ek ‘gewoan’ lid fan de redaksje fan ensafh. Klik hjir foar mear ynfo.

Oer op it Hollânsk

Ha goeie. Ik wit net oft ik der sels bywêze sil, want faaks moat ik dan spuie, en dat is net sa fatsoenlik, no, yn it iepenbier: mar no woansdei sille de Steaten ûnder oaren beslisse oer de takomst fan it skreaune Frysk. En, faaks wat dramatysk, mar sa lizze de saken, se beslisse ek […]

Besprekken Dam bywurke

Mei in besprek fan Piter Boersma syn Stjoer de strjitmakker. Klik hjirre.

Besprek Piter Boersma: Stjoer de strjitmakker

Pleatst yn it Friesch Dagblad op 09-10-2010

Neil Bruckner

Ja, moai waar hjoed, dat ik sprong wer efkes op ‘e fyts. Hie de nije Neil Young by my, dy’t oeral goed besprutsen is… Mar net troch my, ik fûn it ientoanich. Mar aldergeloks hie ik ek muzyk fan Anton Bruckner by my. Dat is in gefaar op ‘e dyk, dy âld Bruckner, wannear’t er […]

Brune snert

No minsken, wer goed nijs fan it Frysktalige blochfront: Albertina Soepboer is wer úteinset mei har webloch! Fansels al daliks synjalearre troch it nea folpriizge tydskrift ensafh. No noch twitterje Albertina! Of Facebook, of Hives, of… Ik haw in skoftke op Facebook sitten, mar dat kostet my fierstenfolle tiid. Twitterje en blochje, ik haw dêr […]

Leech slûch pitsje

Ja, heechste tiid foar in regulier blochke. De kreativieit hat hjir efkes op in leech pitsje stien. Hiel yntinsyf wurke oan de bondel, en dan is er ynienen samar klear… Der binne oant no ta hiele positive reaksjes op kommen. No ris sjen wannear’t oft er ferskine sil. Stay tuned! Dat Brún 1 bestiet út […]

Hjoed

Tsjêbbe Hettinga skreau syn earste roman