Monthly Archives juny 2011

Duo von Däniken: Buorfrou yn Dútslân

In nagelnije ôflevering fan Buorfrou en Buorfrou [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=hFTHipDt2TI[/youtube]

Earste besprek Kristus Pavlov

Troch Eppie Dam. Stiet op de spesjale side hjirboppe. Mar hjir klikke kin ek.

Halbe de Sloper

Film, kollum en besprek

Hjoed ferwiis ik wer nei de nije ôflevering fan ensafh. Ik spylje ien fan de haadrollen yn it twadde ensafhilmke fan master regiseur Marc Kooij, klik hjirre… En der stiet ek wer in nije kollum online. Dus. Der stie ek in hiel aardich besprek fan Kristus Pavlov troch Eppie Dam yn de Ljouwerter. Dy sil […]

Hylke is ús Rêder!

Ja, leave lêzerkes, omke Knilles hat lêstlyn wichtich nijs heard oer Boeken fan Fryslân. Op de side fan it Deiblêd stie lêstlyn in nijsgjirrich artikel. Ik sitearje der efkes út. Hjir stiet it hiele stik, mar ik wit dat der minsken binne dy’t net op links klikke. Ik wit net wêrom. ‘Lit ús rjochtsje op […]

Geart Excalibur

Fannemoarn yn de bus krigen: De fal fan Camelot, Geart fan der Meer syn Fryske oersetting fan Alfred Lord Tennyson’s Idylls of the King. De achterkant fan it boek seit: ‘DE FAL FAN CAMELOT is in syklus fan tolf ferheljende gedichten. Tennyson beskriuwt hjiryn it ferhaal fan Kening Artur, syn ridders, de Rûne Tafel en de […]

Tapaslik en tafallich

Hjirûnder in fjouwertal advertinsjes, út 1965. Se steane yn Skande Skande Sunde Sunde. (in samling fan net earder publisearre wurk út de quatrebras groep). Yndied, sûnder dakjes op de u. Om de ien of oare reden fûn ik it wol tapaslik en tafallich.

Classical Conditioning – Ivan Pavlov

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=hhqumfpxuzI[/youtube]

Besprek Steven HP de Jong

Steven HP de Jong: En de inket sil útrinne. It lêste poëzijbesprek fan Cornelis van der Wal foar it Friesch Dagblad.

Op besite by Feddema

Oer in deimannich giet er wer nei Berlyn ta: Anne Feddema. Ik haw hjoed efkes fan Snits nei Ljouwert hinne en wer fytst. Anne hat ek in miening oer myn nije dichtbondel. Klik hjir… Haw patat pinda iten.