Monthly Archives augustus 2011

Absurd Awater

Ôfrûne freed wie ik wer ris yn it moaie stedsje Grins. Altyd noflik om werom te kommen. Mar ik haw Snits leaver, dus. Heden, heden, jo kinne dêr ek gjin stap fersette of jo komme de selsbeneamde Literatuerpaus fan Grins tsjin. Dat is dus, mient er sels, de hear Coen Peppelenbos. Prutsskriuwer en liichbist. Sjoch […]

Leoš Janáček: Příhody Lišky Bystroušky

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=UPSiQaujbTY[/youtube]

Konservatyf Boekefeest?

Yn de nije Oesdrip, dy’t ik op papier tastjoerd krigen haw, om’t in Skriuwersboun mient dat ik gjin ynternet haw, stiet al wat ynformaasje oer it programma fan it Boekefeest op 16-09-2011, yn Tresoar. Ik haw earder al mei fernuvering konstatearre dat it konservatisme wer hielendal werom is by de organisatoren fan dizze Moanne fan […]

Frysk Literêr Nijs

It ferneamde Duo von Däniken, dat binne Anne Feddema en Cornelis van der Wal, fertsjinnet wat by: In âlder echtpear yn Haulerwyk is thús fan sieraden bestellen troch twa froulju. In frou belle oan en fertelde dat sy de nije buorfrou wie. Se hie lêst fan lekkerij en rûn sa de wenning yn nei de […]

Dinosaur Jr. “We’re Not Alone”

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=cOB0pO9vZKc[/youtube]

Oersetting ‘Mei it lemieren’

Hedzer Oostra hat in moaie oersetting makke fan myn gedicht ‘Mei it lemieren’. Hy skriuwt: De duvel mag weten waarom, maar dit is één van de mij meest aansprekende gedichten in de Fryske Taal & Letterkunde, dat oorspronkelijk krachtiger overkomt dan mijn vertaling. Eigenlijk valt het nauwelijks te vertalen omdat er altijd iets verloren gaat. Echter, ik heb mijn […]

Ingrid Aldi

In betiid blochke, ik sil daliks wer mei it ‘echte’ skriuwen fierder. Siet juster folslein fêst, mar by it wekker wurden fannemoarn wist ik ynienen hoe’t it fierder moast. Fierders djippe rêst en stiltme op de blochkes en it Foarum. Komt wol wer tink. Seach justerjûn de earste 20 minuten fan Black Butterflies, oer it […]

#twicht

No, de #twicht wedstryd is wer úteinsetten. Mar ik haw der noch net ien makke…  It bliuwt oars in riedsel foar my dy spulrigels: ‘De twichten meie net earder earne oars publisearre wêze of yn eigen behear útjûn wêze, ek net digitaal. Ek meie se net earne oars publisearre wurde foardat de priisútrikking fan de […]

Gedicht Knilles op muzyk setten

It muzikale duo Hoed en de Rand hat in nije cd útbrocht: Zwervers, Hoed en de Rand zingt gedichten. Op dizze cd stiet ek in nûmer dat basearre is op myn gedicht In moaie rigel. Hjir wurdt de Hollânske oersetting brûkt. Jo kinne al in lyts foarpriuwke hearre: hjirre. Keapje dy cd!

Heidelberg

Ja, dêr wie ik de ôfrûne dagen. Jo kinne it in fakânsje neame, mar it gie yn myn gefal al wat fierder. Op itselde kuierpaad rinne dêr’t Hölderlin eartiids ek omspaande… It makke al mei al in ferpletterjende yndruk. Dêr, oan de Philosophenweg, op in bankje, haw ik de oanset skreaun fan in Nij Gedicht. […]